Dagge

Ut Wikipedy
Reproduksjes fan Midsiuwske daggen.
It Fairbarn-Sykes gefjochtsmes , in moderne dagge.

In dagge , hogge of dolk is in blank wapen besteande ut in limmet en in hansel of heft , dat lytser is as in swurd , mar ornaris grutter as in mes (hoewol't it faak as in soarte fan mes beskoge wurdt). Sokke wapens hawwe skerpe punten, dy't untwurpen binne om mei te stekken, en se kinne inkel- of dubelsnedich weze of sels hielendal gjin snede hawwe (en dan inkeld as stekwapen bedoeld weze). It basale untwerp fan 'e dagge giet tebek oant yn fier yn 'e prehistoarje . Lyksoartige wapens binne de hiele minsklike skiednis troch brukt yn oarlochssitewaasjes en by oare gefjochten, en wurde as sadanich ek hjoed oan 'e dei noch ynset. Yn in protte alde kultueren wiene ryklik fersierde daggen yn gebruk foar rituele en seremoniele doelen.

It presize untwerp fan 'e dagge rint per kultuer , doel en histoarysk tiidrek frijwat utinoar. Sa binne de Jeropeeske rundieldagge ut 'e Midsiuwen en de Perzyske pesh-kabz inkelsnedich (en hawwe dus mar ien snijkant), wylst de hartsfanger , dy't oarspronklik foar de jacht bedoeld wie, en de Yndyske chilanum dubelsnedich binne (en twa snijkanten hawwe). De stiletto , ut 'e Renessanse , wie inkeld in stjitwapen en gjin snijwapen, en hie derom hielendal gjin snijkanten.

De measte daggen hawwe in stjitplaat , foar it meastepart besteande ut twa koarte parearstangen oan 'e snijkanten fan 'e dagge der't it limmet en it heft gearkomme. Sa'n stjitplaat tsjinnet yn it foarste plak om 'e han fan 'e bruker te beskermjen, sadat dy by it tabringen fan in stek net nei foarren skowe kin oer it skerpe limmet hinne. Dernjonken kinne der by in gefjocht mei immen dy't ek gebruk makket fan in dagge, stjitten fan 'e tsjinstanner mei opfongen wurde. In oar skaaimerk fan in dagge is dat dy almeast sa untwurpen is dat it limmet yn 'e horizontale stan stiet as dejinge dy't it wapen hantearret in konvinsjonele palmgreep brukt om it beet te halden. Dertroch kin dan behalven stjitbewegings ek snijend nei lofts en rjochts uthelle wurde.

Soarten daggen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .