한국   대만   중국   일본 
Covelo (Kalifornje) - Wikipedy Springe nei ynhald

Covelo (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Covelo
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Mendocino County
Sifers
Ynwennertal 1.255 (2010)
Oerflak 18,5 km² (ynkl. wetter)
18,4 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 68 / km²
Hichte 426 m
Oar
Stifting 1860
Tiidsone UTC ?8
Simmertiid UTC ?7
Koordinaten 39°47′35″N 123°14′53″W
Kaart
De lizzing fan Covelo yn Mendocino County en yn 'e steat Kalifornje .

Covelo is in doarp ( census-designated place ) yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje . It leit yn Mendocino County , op sa'n 23 km eastnoardwestlik fan Laytonville . Covelo stiet bekend as wynbougebiet . Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie it doarp doe in befolking fan krapoan 1.300 minsken.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Covelo waard yn 1860 stifte, doe't der op it plak in winkel iepene waard om 'e bewenners fan it omlizzende heuvellan te betsjinjen. Yn 1870 waard it earste postkantoar der iepene. Guon boarnen wolle hawwe dat Covelo nei in doarp mei deselde namme yn Switserlan ferneamd is. Hoewol't der gjin plak yn Switserlan is dat sa hjit, soe it in misstavering weze kinne fan Covolo, in boarch yn Pederobba , yn 'e Italjaanske regio Feneto , deun by de Switserske grins.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Covelo doe in befolking fan 1.255 minsken. De befolkingstichtens bedroech 68 minsken de km². Fan 'e befolking fan Covelo wie yn 2010 15,3% alder as 65 jier en 27,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 30,8% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst yn 2000 27,1% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 37,8% Yndianen ; 35,7% blanken ; 13,0% Latino's ; 1,1% swarten ; 0,8% Aziaten ; 11,6% oaren of fan mingd etnysk komof. It hege persintaazje Yndianen yn Covelo kin ferklearre wurde trochdat yn it doarp it haadkertier festige is fan 'e Round Valley Yndianestammen , in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje.

Berne yn Covelo [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Covelo hat in Mediterraan klimaat , mei hjitte simmers en mylde winters . Yn july , de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,2 °C, en yn desimber , de kaldste moanne, is dat 10,9 °C. Covelo kriget jiers trochinoar 1.058,2 mm delslach , mei derunder oer it hiele winterhealjier ferdield 11,9 sm snie .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .