De
Commerzbank-Arena
, better bekend as it
Waldstadion
, is in fuotbalstadion yn
Frankfurt
mei 48.500 sitplakken. It stadion is yn 2005 iepene en der spylje twa klups,
Eintracht Frankfurt
en FSV Frankfurt. It stadion wie ien fan de tolve stadions dy't brukt waarden foar it wraldfuotbalkampioenskip fan 2006.
Yn it stadion binne 48.500 sitten; as de steanplakken meirekkene wurde is der yn totaal plak foar 52.300 minsken. Bij konserten is de kapasiteit likernoch 65.000.