한국   대만   중국   일본 
Coldstream - Wikipedy Springe nei ynhald

Coldstream

Ut Wikipedy
Coldstream
Cauldstream
De Tweed by Coldstream
De Tweed by Coldstream
Polityk
Lan Feriene Keninkryk
Steat Skotlan
Sifers
Ynwennertal 2.050 (2006)
Offisjele webside
Offisjele webside Coldstream

Coldstream ( Skotsk-Gaelysk : An t-Alltan Fuar ) is in lytse sted yn it Borders distrikt fan Skotlan . It leit oan de noardouwer fan de rivier de Tweed yn Berwickshire , Northumberland yn Ingelan begjint op de sudigge. Coldstream wie earder in burgh (frije sted) en is de thusbasis fan de Coldstream Guards , in yn 1650 oprjochte rezjymint yn it Britske leger. Coldstream is ek it plak der't Edward I fan Ingelan syn ynvaazje fan Skotlan begun yn 1296.

Yn de 18e en 19e iuw wie Coldstream populer by lju dy't stiekum trouwe woenen, ut reden fan syn lizzing oan de grutte dyk, lykas ek it plak Gretna Green . It besjen wurdich binne it tolhus, der't houliken sletten wurde, en 'The Hirsel', it foaralderlik hus fan de Greven fan Home.

Henderson Park hat in goed utsjoch oer de rivier en it 'Nonnepaadsje'("Nun's Walk") rint deun neist it wetter.

Ferskaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De mars by oftiteling fan eltse oflevering fan de Ingelske telefyzjerige Dad's Army wurdt spile troch de Band fan de Coldstream Guards.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]