한국   대만   중국   일본 
Claire Dames - Wikipedy Springe nei ynhald

Claire Dames

Ut Wikipedy
Claire Dames
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
echte namme Tasia Nicole Turner
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 augustus 1981
berteplak Sacramento ( Kalifornje )
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Fransk
Nederlansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise
jierren aktyf 2006 ? no
offisjele webside
www.clubclairedames.com

Claire Dames , echte namme: Tasia Nicole Turner ( Sacramento ( Kalifornje ), 13 augustus 1981 ), is in Amerikaansk neakenmodel , stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk , Fransk en Nederlansk etnysk komof. Hja sette yn 2006 utein mei in karriere yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films . Har artystenamme 'Claire Dames' is in wurdspiling op 'e namme fan mainstream - aktrise Claire Danes .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dames waard yn 1981 berne yn Sacramento , de haadsted fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje . Hja sette om 2005 hinne utein mei in wurkpaad as stripper en neakenmodel , en makke yn 2006 har debut yn in pornografyske film . Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Dames sunt yn likernoch 200 films spile, u.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment , Anabolic Video , Red Light District , Jules Jordan Video , Elegant Angel , Digital Playground , Shane's World , Hustler Video , Devil's Film , Zero Tolerance en Diabolic Video .

Claire Dames lit har stuten sjen.

Teffens hat Dames wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media , Third Degree Films , Legend Video , Platinum X Pictures , Black Ice , West Coast Productions en Extreme Associates . Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet , werunder Bang Bros , Brazzers en Naughty America . Yn 2009 wun Dames yn 'e mande mei fiif fan har kollega's in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrald) yn 'e kategory skandalichste sekssene, foar harren optreden yn 'e film Night of the Giving Head . Datselde jiers waard se nominearre foar in AVN Award yn 'e kategory beste byrol fan in aktrise.

Yn juny 2009 waarden Dames en fiif oare persoanen (werunder pornoaktrise Natasha Nice ) arrestearre foar it untbleatsjen fan harren boarsten yn it iepenbier. Letter dy simmer kundige Dames oan dat se har weromloek ut 'e pornoyndustry, mar yn novimber fan datselde jiers ferfette se har karriere alwer.

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Claire Dames is blank , mei griene eagen en brun hier . Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 61 kg. Hja hat kupmaat 34F, der't se in boarstfergruttingsoperaasje foar undergien hat. Behalven om har boarsten stiet Dames benammen bekend om har grouwe stuten . Se hat in nalpiercing en in Madonna-piercing . As tattoeaazjes hat hja op har lofterboppe-earm in healmouwe mei in Alice in Wonderland -motyf, en fierders in flinter mei de tekst " Hit it Harder " tusken har nale en har skamstreek ; in ban om har lofterankel mei in pearze roas en in funkelstien oan 'e binnenkant en in hoefizer mei klaverke fjouwer oan 'e butenkant; en in floral op 'e rech fan har rjochterfoet .

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 AVN Award nominearre beste orale sekssene (fideo) Sperm Splattered 4
2009 AVN Award nominearre beste orale sekssene (fideo) Night of the Giving Head
nominearre beste byrol fan in aktrise Night of the Giving Head
wun skandalichste sekssene (mei Nikki Rhodes , Samantha Sin , Chris Johnson , Alan Stafford en Jack Vegas ) Night of the Giving Head

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: