Chris de Moor
|
keunstner
|
|
Chris de Moor (1967)
|
persoanlike bysunderheden
|
echte namme
|
Christiaan Nicolaas Everhardus (Chris) de Moor
|
nasjonaliteit
|
Nederlansk
|
berne
|
5 febrewaris
1899
|
berteplak
|
Rotterdam
|
stoarn
|
27 septimber
1981
|
stjerplak
|
Amsterdam
|
wurkpaad
|
wurksum as
|
Postsegeluntwerper,
Byldzjend keunstner
|
Raam yn de Antonius Abttsjerke yn
Skeveningen
Christiaan Nicolaas Everhardus (Chris) de Moor
(
Rotterdam
,
5 febrewaris
1899
-
Amsterdam
,
27 septimber
1981
) wie in Nederlansk keunstner.
De Moor folge earst lessen by de skilder
August Willem van Voorden
en syn efterneef
Pieter Cornelis de Moor
; dernei studearre er oan de
Willem de Kooning Akademy
yn
Rotterdam
by
Alexander van Maasdijk
.
Hy waard underskieden mei it "Earediploma" foar weefde stoffen op de
Wraldtentoanstelling
fan
1937
yn
Parys
. Fan 1946 oant en mei 1951 wie De Moor as learaar figuertekenjen ferbun oan de
Frije Akademy
te De Haach en fan 1951 oant 1964 wie er estetysk adviseur by de
PTT
. Hy formulearre yn 1960 de 'tolve geboaden foar de postsegeluntwerper’ en untwurp sels ek ferskate postsegels. Hy die mei oan ferskate solo- en groepstentoanstellingen, u.m. yn it
Gemeentemuseum De Haach
(1967), Rotterdam
Museum Boymans Van Beuningen
en Amsterdam yn het
Steedelik Museum
(1962).
Fan 1956 of oan wie er under oare lid fan de groep
Verve
, de
Haachske Keunstrunte
en
Pulchri Studio
yn De Haach en sleat him yn 1965 oan by de keunstnersgroep
Fugare
(65-67). De Moor waard yn 1962 beneamd ta
Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau
. Yn 1963 wie die meioprjochter fan de groep
10 gouachisten
.
De Moor wenne en wurke nei 1966 yn
Italie
, der't er bot ynspirearre waard troch it 16e-iuwske byldepark fan
Bomarzo
.
De Moor hat in leafdesrelaasje han mei dunseres
Darja Collin
, de lettere frou fan skriuwer en dichter
Jan Slauerhoff
.
Hy skildere, tekene en akwarellearre under mear portretten, figueren,
stillibbens
en lanskippen. Ynearsten die er dat yn de styl fan it saaklik
realisme
, letter (nei 1945) mear yn de styl fan it abstrakt
ekspresjonisme
. Hy wurdt rekkene ta de
Nije Haachske Skoalle
. De Moor wie teffens untwerper fan wandkleden,
muorreskilderingen
en
gles-in-leadramen
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|