Chastity Lynn
, echte namme:
Ashton Butler
(
Seattle
,
10 augustus
1987
), is in
Amerikaansk
neakenmodel
en
pornografysk aktrise
, dy't yn it ferline ek wol gebruk makke hat fan 'e artystenamme Hailey. Har 'offisjele'
skulnamme
wurdt ek misstavere as Chastity Lyn of Chastity Lynne. Se sette yn
2008
utein mei in karriere yn 'e
Amerikaanske
pornoyndustry
.
Chastity Lynn waard yn
1987
berne yn
Seattle
, yn 'e
noardwestlike
Amerikaanske steat
Washington
. As bern folge se
underwiis
oan in
roomsk-katolike
famkesskoalle
, mar yn har tinerjierren gie se nei in
iepenbiere
middelbere skoalle
, dy't sawol
manlike
as
froulike
learlingen hie.
Har karriere yn 'e
pornoyndustry
kaam oan it roljen doe't Chastity Lynn op in feestje yn 'e kunde kaam mei
pornoaktrise
Ellie Idol
. Yn
2008
makke se mei 21 jier har debut yn in
pornografyske film
. Yn 't earstoan die se inkeld
lesbyske pornosenes
mei Idol, mar al rillegau wie se ek mei
manlike tsjinspilers
te sjen. Neffens de
Internet Adult Film Database
(IAFD) hat se sunt yn mear as 350 films spile, u.m. foar sokke foaroansteande labels as
Vivid Entertainment
,
Penthouse
,
Adam & Eve
,
Evil Angel
,
Devil's Film
,
New Sensations
,
Jules Jordan Video
,
Digital Sin
,
Hustler Video
,
Red Light District
,
Shane's World
en
Digital Playground
.
Fierders hat Chastity Lynn ek wol yn 't spier west foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas
West Coast Productions
,
Third Degree Films
,
Girlfriends Films
en
Platinum X Pictures
. Ek hat se wurke foar de
Franske
studio
Video Marc Dorcel
en foar Amerikaanske
pornosites
op it
ynternet
, lykas
Brazzers
,
Kink.com
en
BlacksOnBlondes
. Foar har wurk hat Chastity Lynn fjouwer kear nominearre west foar in
AVN Award
(de
Oskar
fan 'e pornowrald). Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as
neakenmodel
.
Neffens har offisjele opjefte is Chastity Lynn 1.62 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en natuerlike
kupmaat
34B. Hja is
blank
en hat
blun hier
en blauwe
eagen
. Op har
heup
hat se in
tatoeaazje
fan in
loatusblom
.
Piercings
hat se yn har
earlellen
,
nale
en
tonge
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|