한국   대만   중국   일본 
Charlie Chaplin - Wikipedy Springe nei ynhald

Charlie Chaplin

Ut Wikipedy
Charlie Chaplin
akteur
Charlie Chaplin
Charlie Chaplin
persoanlike bysunderheden
echte namme Sir Charles Spencer Chaplin jr.
nasjonaliteit Britsk
berne 16 april 1889
berteplak Londen
stoarn 25 desimber 1977
stjerplak Vevey (Switserlan)
jierren aktyf 1899?1976
prizen Academy Awards , Erasmuspriis
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Charlie Chaplin yn "The Kid"

Charlie Chaplin , folsleine namme ( Sir ) Charles Spencer Chaplin jr. ( Walworth , Londen , 16 april 1889 ? Vevey , Switserlan , 25 desimber 1977 ) wie in Ingelske artyst. Hy wie akteur , filmregisseur , komponist en komyk . Syn films The Gold Rush, City Lights, Modern Times en The Great Dictator komme faak foar op listen fan de beste films fan alle tiden.

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Chaplin wie in soan fan Charles Chaplin en Hannah Harriette Hillin, dy't beide by runreizgjende toanielselskippen wienen. Syn alden giene al rillegau nei syn berte ut elkoar en Chaplin bleau by syn mem. Lytse Charlie en syn hjelbroer Sydney waarden lykwols troch mem utbestege oan in earmhus ( workhouse ), mar nei in pear wiken waarden hja oerbrocht nei in skoalle foar wezen en bern dy't yn de steek litten wienen yn Hanwell. Letter untdekten sy dat se in hjelbroer hienen, George Dryden (31 augustus 1892 - 30 septimber 1957), in soan fan harren mem, ek in akteur dy't letter oan 't wurk gie foar Charlie.

Yn 1910 emigrearre er nei de Feriene Steaten . Heit Chaplin wie alkoholist en stoar doe't Charlie 12 wie, mem waard mal yn de holle en moast letter opnaam wurde yn in gesticht , it Cane Hill Asylum by Croydon. Sy stoar yn 1928.

Stomme films wiene oeral yn de wrald like ienfaldich te begripen, dat Charley waard in wraldstjer. Chaplin's reputaasje taande stadichoaan wei mei de opgong fan de ludsfilm ; syn kreft wie no krekt it stil spyljen. Yn de tiid fan it McCarthyisme yn de F.S. waard er beskuldige fan "anti-Amerikaanske aktiviteiten" (hy soe kommunist weze). By de promoasje fan syn film Limelight (1952) yn Ingelan besleat er ut reden fan swierrichheden mei de Amerikaanske Ymmigraasjetsjinst, J. Edgar Hoover liet Chaplin bespionearje, nei Switserlan te gean.

It is net al te bekend dat Chaplin neist akteur en regisseur ek komponist wie. Hy skreau under mear solowurk foar cello en de filmmuzyk foar syn film 'Modern Times', en it wraldferneamde numer 'Smile'.

Houliken en bern [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Chaplin hat fjouweris troud west (en hie tsientallen ferhaldings) mei:

  • Mildred Harris ; hja krigen in soan: Norman Spencer Chaplin (bynamme: "The Little Mouse"); hy stoar as baby.
  • Lita Grey ; hja krigen in soan Sydney .
  • Paulette Goddard , wie gjin wetlik houlik.
  • Oona O'Neil . Dochter fan toanielskriuwer Eugene O'Neill . Charlie wie doe 54 en Oona skraachwurk 18. It houlik skynt lokkich west te hawwen. Hja krigen trije soannen: Christopher, Eugene en Michael Chaplin en fiif dochters: Geraldine (ek in bekend aktrise), Josephine, Jane, Victoria en Annette-Emilie Chaplin. Oona stoar nei jierren fan alkoholmisbruk, yn 1991 oan alfleisklierkanker .

Underskiedings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Charlie Chaplin stoar yn 'e sliep yn 1977 yn de iere moarn fan earste krystdei oan in hertstilstan en wie doe 88 jier.

Op 8 maart 1978 waard syn lyk stellen. It doel wie losjild te krijen, dat mislearre en de dieven waarden arrestearre. It lyk waard 11 wiken letter weromfun by it Mar fan Geneve en opnij begroeven under 180 sm beton. [1]

Filmografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Charlie Chaplin syn folsleine filmografy is te finen yn de Ingelsktalige Wikipedy, hjir

Filmpriuwkes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bylden fan Chaplin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bylden fan Chaplin: (f.l.n.r.) 1. Tren?ianske Teplice , Slowakije ; 2. Chełm?a , Poalen ; 3. Waterville , Ierlan ; 4. Londen , Feriene Keninkryk ; 5. Haiderabad , Yndia ; 6. Alassio , Italie ; 7. Barcelona , Spanje ; 8. Vevey , Switserlan

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw leven in Charlies landgoed , Volkskrant, Henk Strabbing, 18 oktober 2003