Charlie's Angels
is in
Amerikaanske
aksjekomeedzje
ut
2019
under
rezjy
fan
Elizabeth Banks
, mei yn 'e
haadrollen
Naomi Scott
,
Ella Balinska
en
Kristen Stewart
. De
titel
betsjut: "Charlie's
Ingels
". It is it trede diel ut 'e
Charlie's Angels
-
filmsearje
, dy't basearre is op 'e populere
tillefyzjesearje
Charlie's Angels
ut 'e
1970-er jierren
. As sadanich folget dizze film op
Charlie's Angels
ut
2000
en
Charlie's Angels: Full Throttle
ut
2003
. De
plot
draait om in nij
enerzjybesparringsapparaat
mei in flater yn it untwerp dy't potinsjeel
deadlik
is foar
minsken
. In nije
generaasje
'ingels' fan it Townsend
Detektiveburo
moat de untwerpster fan it
apparaat
, Elena Houghlin, helpe om foar te kommen dat har utfining yn 'e ferkearde hannen falt.
Charlie's Angels
krige mingde
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
en flopte yn 'e
bioskopen
.
In team fan 'e 'ingels' (froulike
privee-detektives
anneks
spionnen
) fan it Townsend
Detektiveburo
fiere under lieding fan John Bosley, koadenamme Bosley 001, in
undercoveroperaasje
ut yn
Rio de Janeiro
. Derby wurdt de
Australyske
fertsjusterder
Jonny Smith, dy't yn 'e
Feriene Steaten
socht wurdt, yn 'e hechten slein en oerdroegen oan 'e Amerikaanske autoriteiten. Twa fan 'e 'ingels' dy't by dy aksje gearwurkje moatte, binne Jane Kano, in eardere
Britske
geheim aginte
foar de
ynljochtingetsjinst
MI6
, en de Amerikaanske rebelske rikeljusdochter Sabina Wilson. Hja fetsje fuortendaliks in slimme
antypaty
foar inoar op.
In jier letter giet Bosley mei
pinsjoen
. Syn wurk komt lykwols net stil te lizzen, mei't er troch de jierren hinne oare liedingjaande aginten foar it detektiveburo oplaat hat, dy't allegearre "Bosley" neamd wurde. It Townsend-buro hat no net inkeld festigings yn ferskate Amerikaanske steden, mar ek yn 'e measte
Jeropeeske
lannen, elts mei in eigen "Bosley".
Yn
Hamburch
hat Elena Houghlin, in briljante Amerikaanske
kompjuterprogrammeur
, foar it
bedriuw
fan
miljarder
Alexander Brok in radikaal nij
enerzjybesparringsapparaat
utfun dat 'Callisto' hjit. Brok stiet op it punt om dat op 'e merk te bringen en noch helte
riker
te wurden as er al is. By in test hat lykwols bliken dien dat der in flater yn it programma fan Callisto sit: it
apparaat
siket mei in
elektro-magnetyske puls
triedleas kontakt mei oare apparaten om se suniger wurkje te litten, mar soms siket it ek kontakt mei minsken, wat liede kin ta in potinsjeel
deadlike
oerhaal
. Elena giet mei dat nijs nei har baas, it haad Undersyk en Untwikkeling Peter Fleming, mar dy fertelt har dat der gjin sprake weze kin fan it utstellen fan 'e lansearring fan Callisto, en dat se leare moat in bettere teamspiler te wezen.
Elena nimt kontakt op mei it Townsend Detektiveburo, der't se op mysterieuze wize in
fisitekaartsje
fan krigen hat. Se moetet yn in
ynternetkafee
Edgar Dessange, in "Bosley", en 'ingel' Jane Kano, oan wa't se help freget om as
klokkelieder
yn kontakt te kommen mei Alexander Brok sels, dy't foar har unberikber is. Harren moeting wurdt rou underbrutsen as se oanfallen wurde troch de
hiermoardner
Hodak. Elena, Dessange en Jane flechtsje yn in
auto
, mar wurde neisitten troch de hiermoardner yn in eigen auto, dy't tarist is mei in
masinegewear
. De efterfolging einiget as Elena-en-dy mei de auto op 'e kop yn in
kanaal
bedarje nei't Dessange, dy't efter it stjoer sit, deadlik rekke is troch in
kugel
. Wylst Jane under wetter Elena ut it autowrak redt, arrivearret 'ingel' Sabina op 'e
kade
by it plak fan it
ungemak
, der't se de wachtsjende Hodak fuortjaget.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
De oanhaldend kibjende Jane en Sabina bringe de raar kjel wurden Elena by in oare 'Bosley': de eardere 'ingel' Rebecca. Dyselde jout Jane en Sabina opdracht om Elena te helpen by in
ynbraak
yn it
haadkertier
fan it bedriuw fan Brok, mei as doel om 'e
prototypes
fan Callisto te
stellen
foar't se duplisearre wurde kinne. Elena hellet de iene op dy't se yn 'e
klus
yn har eigen
laboratoarium
bewarret, mar Jane untdekt dat de oaren al troch Fleming efteroerdrukt binne. Sabina, dy't foar oflieding fan 'e
befeiliging
soarge, slagget feilich it gebou ut, mar Jane en Elena reitsje ynsletten. Elena brukt har eksimplaar fan Callisto om in digitaal
slot
koart te sluten
, mar by fersin
ferdmoardet
se derby it haad befeiliging Ralph, dy't te ticht by it apparaat yn 'e buert komt as it in elektro-magnetyske puls utstjoert.
Underwilens untdekt John Bosley by tafal dat Rebecca him sunder dat er it trochhie foarsjoen hat fan in spesjalisearre
underhudsk ymplantaat
, wermei't se syn bewegings yn 'e gaten halde kin. Rebecca spoart Peter Fleming op yn
Istanbul
, wernei't se mei Jane, Sabina en Elena derhinne ofreizget. It docht bliken dat Fleming besiket de eksimplaren fan Callisto oan 'e heechste bieder te ferkeapjen as
wapens
wermei't in moard begien wurde kin sunder in spoar nei te litten. Jane, Sabina en Elena spoare Fleming op in
hynstedraafbaan
op, der't se him om 'e nocht besykje ut te skeakeljen.
Dernei folgje se him nei in ofhandich
stiengat
, der't Jonny Smith, dy't eins yn in Amerikaansk
tichthus
heart te sitten, de
tuskenpersoan
foar de keaper blykt te wezen. Smith wurdt bystien troch de hiermoardner Hodak, dy't Fleming deasjit as bliken docht dat er gjin
demonstraasje
fan it gebruk fan Callisto jaan kin, om't er him nea yn 'e wurking fan it apparaat ferdjippe hat. Fuort dernei ferdwynt Rebecca ynienen, dy't ut 'e flechtauto wei de lieding oer de operaasje hie. As de 'ingels' de gearkomste fersteure, brekt der
sjitten
en
slaanderij
ut, werby't Smith Sabina te fluch of is, wylst Hodak mei de prototypes fan Callisto untkomt wannear't Jane weromroppen wurdt om Sabina ut in stienfergruzer te reden.
Jane, Sabina en Elena keare werom nei it
safehouse
fan it Townsend Detektiveburo yn Istanbul. De hommelse ferdwining fan Rebecca bringt Sabina derta om mei de oare beide froulju har oanwaaksende leauwe te dielen dat Rebecca in
ferriedster
is dy't temuk wurket om sels de prototypes fan Callisto yn 'e hannen te krijen. Wylst Jane en Elena dat yn harren omgean litte, wurdt der troch Hodak in
bomoanslach
op it safehouse dien. Elena komt mei de skrik frij, mar as se heal ferdwaasd nei buten strompelet, ferskynt Rebecca, dy't mei in
pistoal
yn 'e han op har takomt. Foar't se by Elena komme kin, wurdt Rebecca lykwols delsketten troch John Bosley, dy't Elena meiskuort derwei.
Koarte tiid letter komt Jane, dy't in skoftke
bewusteleas
rekke wie, wer by besleur. Se tilt in
ferwune
rekke Sabina ut 'e rikjende punheap fan it safehouse en bringt har foar
medyske
fersoarging nei Fatima, in goekunde fan har, dy't yn Istanbul in
klinyk
runt. Der dukt letter Rebecca ek op, dy't troch har
kugelfrij fest
fan 'e dea reden is. Sy leit oan 'e skokte Jane en Sabina ut dat John Bosley de wiere ferrieder is, en dat sy him al in hiel skoft efter de hakken sit. Bosley
wrokket
om't er nei de dea fan 'e oarspronklike Charlie Townsend net utkeazen waard om him op te folgjen as haad fan it Townsend Detektiveburo. Derom hat er de leste
desennia
in parallelle organisaasje opboud njonken it buro, mei lju lykas Hodak, dy't ree binne om alles te dwaan foar
finansjeel gewin
.
Bosley nimt Elena mei nei de
filla
fan Alexander Brok yn
Chamonix
, der't oan it ljocht komt dat Bosley no it haad befeiliging fan it bedriuw fan Brok is, en as sadanich efter de eardere
oanslach
op it libben fan Elena sit. Brok sels blykt boppedat folslein op 'e hichte te wezen fan 'e flater yn Callisto, mar hy ferwyt Elena dat se de minste
wurknimmer
fan 'e wrald is, om't it har wurk is om har baas ut 'e wyn te halden en net om problemen te meitsjen. Derom hat er Bosley opdracht jun om har ut 'e wei te romjen. Hy mient dat hy dejinge is dy't oan 'e toutsjes lukt, mar no't er mei Elena immen yn 'e hannen hat dy't him de kontrole oer Callisto jaan kin, lit Bosley blike dat er Brok syn befellen inkeld opfolget salang't dat him goed utkomt. It is syn bedoeling Callisto troch Brok op 'e merk bringe te litten, sadat hy (Bosley) de flater yn it programma bruke kin foar de iene hiermoard nei de oare, werfoar't er him goed betelje litte sil. Troch Elena har
kollega
en
beste freon
Langston te
gizeljen
, twingt Bosley har om him as iennichste tagong te jaan ta it programma fan Callisto. As dat ienris beret is, stelt er it apparaat sa yn dat it in elektro-magnetyske puls utstjoere sil dy't Elena en Langston allebeide ombringe sil.
Nei't Bosley him mei Brok en Hodak en de oare prototypes fan Callisto ofjun hat om net ek sels om te kommen troch de puls, bringt Elena lykwols oan Langston ut dat se de kontrole oer Callisto net echt oan Bosley oerdroegen hat, mar it inkeld programmearre hat om it lykje te litten as reagearre it apparaat op syn opdrachten. Rebecca, Jane en Sabina binne underwilens it spoar fan Bosley en Elena nei Chamonix folge, der't se in
feest
yn 'e filla fan Brok
crashe
. Jane weeft of mei Hodak, dy't omkomt as er fan in
balkon
op 'e punt fan in
iisskulptuer
falt, wylst Sabina regaad makket wat guon oare trewanten fan Bosley oangiet. Tegearre befrije se Elena en Langston (op wa't Jane in eachje hat). Rebecca konfrontearret Bosley mei syn ferrie, mar hy is
unberoufol
. Hy lit har, Jane, Sabina en Elena besingelje troch syn mannen, mar dan docht bliken dat Jonny Smith
omkocht
is troch Rebecca en derfoar soarge hat dat tsientallen oare 'ingels' it de filla ynfiltrearre hawwe. Bosley syn mannen wurde dan op har beurt besingele, en de 'ingels' weve handich mei harren of. Bosley sels wurdt delhuft troch in
opsternate
Sabina.
Neitiid wurdt Brok
arrestearre
foar al syn
misdieden
, wylst Jane en Langston in
relaasje
begjinne. Elena wurdt troch Rebecca
rekrutearre
as de nijste 'ingel' fan it Townsend Detektiveburo. Yn in
sene
dy't healwei de
oftiteling
ynpast is, wurdt se offisjeel as folweardige 'ingel' oannommen en kriget se, lykas gebruklik oer de
tillefoan
, de
lokwinsken
fan 'e nije "Charlie". Inkeld de sjoggers wurde gewaar dat de
manljusstim
makke wurdt mei in stimferfoarmer, en dat de nije 'Charlie' eins de eardere 'ingel' Kelly Garrett is.
- haadrollen
- byrollen
Yn
septimber
2015
makke
Sony Pictures
buorkundich dat de
filmstudio
fan doel wie om in
reboot
te meitsjen fan 'e
Charlie's Angels
-franchise
, dy't nei de leste film mei
Cameron Diaz
,
Drew Barrymore
en
Lucy Liu
,
Charlie's Angels: Full Throttle
(
2003
), stil kommen wie te lizzen. De nije ferzje fan
Charlie's Angels
waard
regissearre
troch
Elizabeth Banks
nei in
senario
fan harsels op basis fan in ferhaal fan
Evan Spiliotopoulos
en
David Auburn
.
As
produsinten
wiene Banks,
Doug Belgrad
,
Elizabeth Cantillon
en
Max Handelman
by it projekt belutsen foar de
filmstudio's
Columbia Pictures
,
Perfect World Pictures
,
2.0 Entertainment
,
Brownstone Productions
en de
Cantillon Company
.
Drew Barrymore
hie as
utfierend produsinte
it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar
Charlie's Angels
wie in
budget
beskikber fan
$
48 oant 55 miljoen. De
kamerarezjy
wie yn 'e hannen fan
Bill Pope
, en de
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Brian Tyler
.
De
opnamen
foar
Charlie's Angels
setten op
24 septimber
2018
utein en duorren oant en
9 desimber
fan dat jier. De film waard frijwol hielendal opnommen yn
Hamburch
, yn
Dutslan
, en yn
Istanbul
, yn
Turkije
. Yn Hamburch waard u.m. filme by de
Elbphilharmonie
, wylst yn Istanbul opnamen plakhiene op 'e
Speserijbazaar
, op 'e
Veliefendi Draafbaan
en yn 'e
wyk
Sultanahmet
.
De
distribusje
fan
Charlie's Angels
waard fersoarge troch
Sony Pictures Releasing
, de distribusjepoat fan
Sony Pictures
, dat de
memme-undernimming
fan
Columbia
is. De film gie op
14 novimber
2019
yn 'e
Australyske
bioskopen
yn
premiere
, en in dei letter yn dy yn 'e
Feriene Steaten
. It byhearrende
soundtrackalbum
ferskynde op
1 novimber
2019
by
platemaatskippij
Republic Records
. De
leadsingle
fan 'e soundtrack,
Don't Call Me Angel
,
songen
troch
Ariana Grande
,
Miley Cyrus
en
Lana Del Rey
, wie al op
13 septimber
utbrocht.
Charlie's Angels
kaam op
18 febrewaris
2020
beskikber as
digitale
download
en waard op
10 maart
fan dat jier utbrocht op
dvd
en
blu-ray
.
Fan 'e
filmkritisy
krige
Charlie's Angels
mingde
resinsjes
.
Owen Gleiberman
skreau yn it
tydskrift
Variety
dat de
rezjy
fan
Elizabeth Banks
ien fan 'e sterke punten fan 'e film wie. Hy fun dat se "bewiist in filmmakker te wezen dy't
pyrotechnyske
effekten
mei ekstreme
fler
yn byld bringe kin". Yn
Rolling Stone
wie
Peter Travers
mear
kritysk
. Hy hie problemen mei it tempo fan 'e film en mei de
komyske
dialooch
, mar omskreau
haadrolspylsters
Naomi Scott
,
Ella Balinska
en
Kristen Stewart
as "de ingels der't je ferlet fan hawwe as in film reden wurde moat." Johnny Oleksinski fan
The New York Post
fun lykwols dat de trije aktrises harren foargongsters
Cameron Diaz
,
Drew Barrymore
en
Lucy Liu
yn gjin inkeld opsicht belykje koene.
Stephanie Zacharek
fan
Time
moast net folle fan
Charlie's Angels
hawwe, dat se omskreau as in "wollige, lusteleaze
aksjefilm
, dy't te rommelich is om oan te sprekken." Yn 'e
Los Angeles Times
foel
Kenneth Turan
har by. Neffens him wie de
plot
fan 'e film unnedich yngewikkeld makke. Op 'e
webside
fan it
Britske
tillefyzjenetwurk
BBC
liet
kollumnist
Nicholas Barber
Charlie's Angels
ofrinne as "aaklik frij fan
ferbyldingskreft
" en "ferfeelsum formulefest".
Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't resinsjes sammelet, hat
Charlie's Angels
in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 232 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "It
pulperige
Charlie's Angels
fan Elizabeth Banks is oprjocht en sit fol
enerzjy
, en sels as it in wat ungelikens tempo hat, foeget it dochs nije fler ta oan 'e franchise mei leuke
aktearprestaasjes
fan 'e trije haadrolspylsters." Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behellet
Charlie's Angels
in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 41 resinsjes.
Charlie's Angels
brocht yn 'e
bioskopen
yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
17,8 miljoen op, en yn alle oare
lannen en territoaria
$55,5 miljoen. Wraldwiid kaam de
opbringst
dermei ut op $73,3 miljoen. Ofset tsjin it
budget
fan $48 oant 55 miljoen betsjut dat in
winst
fan teminsten $18,3 miljoen. Der moatte lykwols de
marketingkosten
noch of, en der waard nei skatting nochris $50 miljoen oan utjun. Sadwaande draaide
Charlie's Angels
yn 'e bioskopen eins in
ferlies
fan teminsten $24,7 miljoen en moat de film as in flop beskoge wurde.
It liet
Don't Call Me Angel
fan
Ariana Grande
,
Miley Cyrus
en
Lana Del Rey
, waard nominearre foar de
Satellite Award
yn 'e
kategory
beste orizjinele
liet
.