Charleston (West-Firginia)

Ut Wikipedy
Charleston
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat West-Firginia
County Kanawha
Sifers
Ynwennertal 51.400 (2010)
Oerflak 84,7 km²
Befolkingsticht. 652,7 / km²
Stedekloft 304.214
Hichte 182 m
Oar
Stifting 1788
Koordinaten
Offisjele webside
Offisjele webside Charleston
Charleston yn Kanawha County yn West-Firginia .

Charleston is de haadsted fan de steat West-Firginia yn de Feriene Steaten , en ek de grutste sted fan de steat. It leit yn Kanawha County, der't it ek it haadplak fan is, op it plak der't de rivieren Elk en Kanawha by elkoar komme. Yn 2004 wennen der sa'n 51.685 minsken.

Eartiids wie saltwinning (earste put yn 1806 ) en de ierdgaswinning (earste put yn 1815 ) fan belang foar Charleston. It oanswettende gebiet Kanawha Salines, no Malden, soe de grutste saltprodusearder fan de wrald wurde. [1] Letter wie it fral stienkoal dat de sted en omkriten wolfeart brocht. Tsjintwurdich spylje hannel , nutsbedriuwen , oerheid , sunenssoarch en underwiis de grutste rol yn de ekonomy fan de sted.

De earste feste delsetting dere, Fort Lee, waard boud yn 1788 . Yn 1791 siet Daniel Boone yn de folksfertsjintwurdiging fan Kanawha County.

Charleston is de thusbasis fan it West Virginia Power basketbalteam (de eardere Charleston Alley Cats ) en it West Virginia Wild (minor league) basketbalteam. Alle jierren wurdt de Charleston Distance Run holden. It fleanfjild hjit Yeager Airport en der is in universiteit, de Universiteit fan Charleston .

Charleston hat in tal publike parken, sa as it Cato Park en Coonskin Park en de Kanawha Steatskbosk, in grut iepenbier park mei in swimbad, kempings, fyts- en kuierpaden, picknickplakken en fakansjehuskes.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.wvexp.com/index.php/First_Natural_Gas_Well