Begrutting

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Budget )

In begrutting , of mei in lienwurd ut it Ingelsk in budget ( utspr. : [bœ'??t], "bu dzjet "), is in berekkening dy't de finansjele effekten fan in beslissing werjout. Begruttings wurde brukt by eltse organisaasje dy't mei ynkomsten en utjeften te krijen hat, lykas bedriuwen , oerheidsynstellings , ferienings en stiftings . Ek de oerheid fan in lan makket in begrutting, dy't yn 'e Nederlanske kontekst bekend stiet as de Ryksbegrutting, en presintearre wurdt op Prinskesdei .

In begrutting kin makke wurde foar in boekjier , mar ek foar in spesifyk projekt . It is in iterative ofstimming tusken winsken en mooglikheden. Sa'n ofstimming wurdt beynfloede troch ferskate faktoaren:

  • de histoaryske finansjele gegevens oer ferskate jierren;
  • de finansjele doelen
  • de wetjouwing ;
  • de merkomstannichheden ;
  • eventuele wizigings yn it bedriuwsbelied.

Per perioade fan in boekjier wurde de finansjele resultaten en ferwachtings opsteld. De begrutting wurdt faak foar goedkarring foarlein oan belanghawwenden. Periodyk wurde de resultaten ferlike mei de begrutting. As de begrutting net helle driget te wurden, moat der yngrepen wurde om it untstean fan in begruttingstekoart foar te kommen. As de begrutting lykwols te rom is, sil der in begruttingsoerskot untstean. Oan 'e ein fan it boekjier wurdt in jierrekken opsteld, weryn't ofwikings tusken begrutting en resultaten analysearre wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .