한국   대만   중국   일본 
Bluesskema's - Wikipedy Springe nei ynhald

Bluesskema's

Ut Wikipedy

Bluesskema's . De blues , in fan alds swarte muzykstreaming untstien oan de ein fan de 19e , begjin 20e iuw , hat in typyske opbou.

Meldij opbou [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Meastentiids folget in bluesmeldij it folgjende skema:

I    | IV   | I   | I   |

IV | IV | I | I |
V | IV | I | V |

De Romeinske sifers stelle de triemen fan de toanljedder foar. Yn C wurdt it skema dan:

C    | F   | C   | C   |

F | F | C | C |
G | F | C | G |

Yn de Rock and roll en sommige jazznumers wurde fariaasjes op dit skema brukt.

De bluestoanljedders binne 5 of 6-toanich en oflaat fan pentatoanyske toanljedders, werfan de Sjineeske de bekendste is. Der binne twa bluestoanljedders, mineur (I-bIII-IV-bV-bVII) en majeur (I-II-bIII-III-V-VI). De mineurljedder wurdt it meast brukt.

Blue notes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bepalend foar de blues-klank binne de saneamde blue notes . Dat binne gliidzjende toanen dy't net yn westerske toanljedders foarkomme en makke wurde mei ynstruminten dy't in toan 'ferbuge' kinne, lykas gitaar, harp en saksofoan. Der binne 3 blue notes, yn de mineure bluestoanljedder: by bIII, bV en bVII.

Tolve maats blues [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De tolve maats blues ( Twelve bar blues ) is in foar bluesnumers typysk akkoarde-skema werby’t de numers opboud binne ut ferzen fan tolve 4/4-maten.

In ienfaldich foarbyld derfan sjocht der sa ut: (ien akkoard yn eltse maat mei " B " foar it basis akkoard, " S " foar subdominant akkoard en " D " foar it dominant akkoard.)

B    | B    | B    | B    |

S | S | B | B |
D | S | B | B |


Acht maats blues [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De acht maats blues ( Eight bar blues ) is in foar bluesnumers typysk akkoarde-skema werby’t de numers opboud binne ut ferzen fan acht 4/4-maten.

In ienfaldich foarbyld derfan sjocht der sa ut: (ien akkoard foar eltse tel mei " B " foar it basis akkoard, " S " foar subdominant akkoard en " D " foar it dominant akkoard.)

B     B     S     S    |

B B B B |
S S S S |
B B B B |
B B B B |
S S S S |
B B D D |
B B B B |

(Boppesteand skema wurdt ek wol sechtjin maats blues neamd werby't elk teken stiet foar in heale toan yn in 2/2- of 4/4-maat. De blues hie fanalds gjin ban mei notaasjes, dus doe't der mei begun waard ynterpretearre de iene in numer wol ris wat oars as in oar.)

Ek yn boppsesteand skema wurdt yn de leste maat it dominant akkoard brukt en is dermei in oergongsakkoard nei in folgjend fers of bygelyks in ynstrumintale solo.