Bewusteleazens

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bewusteleas )
     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

Bewusteleazens of bewusteleasheid is in tastan weryn't men it bewustwezen oer jins om-en-by ferliest. Yn tsjinstelling ta de natuerlike sliep kin men derby net troch oansprekken, skodzjen, knipen of oare sintuglike prikels ut wekke wurde. Yn it Frysk sprekt men foar 'bewusteleas weze' ek wol fan 'duzje' of 'buten westen', 'yn 'e sus', 'yn 'e duze', 'wei', 'deryn wei' of 'ut 'e wei weze'. [1]

Yn 'e medyske diagnostyk wurdt bewusteleazens beskoge as in symptoom . Bewusteleazens wurdt hast altyd feroarsake troch ien fan twa dingen. Yn it foarste plak kin meganysk geweld weze (ornaris in klap op 'e holle , bgl. troch in terwinkel fan in oare persoan of trochdat men by in ungemak mei de holle earne tsjinoan smakt), dat resultearret yn in harsensskodding of in harsenskniezing . De oare meast foarkommende oarsaak is metaboale problematyk, lykas it tekoartsjitten fan 'e bloedfoarsjenning fan 'e harsens of de ynwurking fan giftige stoffen (lykas alkohol, morfine of koalmonokside ) op 'e harsens. Oare oarsaken fan bewusteleazens kinne bygelyks weze: in oerhaal , in oanfal fan epilepsy of in sterke ferheging fan 'e druk yn 'e skedelholte.

In koart duorjende, unskuldige foarm fan bewusteleazens is it flaufallen dat benammen foarkomt by lju dy't oanhelle binne mei in te lege bloeddruk , hjittens, benaudheid of oare omstannichheden dy't resultearje yn in tydlik fermindere bloedtafier nei de harsens. Derby passe de ieren har net fluch genoch oan en heapet him tefolle bloed yn 'e buk en de skonken op. In folle slimmere foarm fan bewusteleazens is in koma , dat soms untstiet nei in slimme klap op 'e holle en dat yn guon gefallen jierren duorje kin. By lang duorjende koma's wurdt men der faak nea wer ut wekker. Soms wurde swierferwune pasjinten troch harren dokters keunstmjittich yn koma holden om it genezingsproses te befoarderjen. Algehiele anestesy is ek in foarm fan bewusteleazens.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W. , Frysk Wurdboek: Nederlansk-Frysk , Drachten/Ljouwert, 1992 (A.J Osinga Utjouwerij/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418 , s. 88.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .