한국   대만   중국   일본 
Pake - Wikipedy Springe nei ynhald

Pake

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Betoerpake )
Heidi en har pake.

In pake of ( argaysk ) oareheit (utspr. mei brekking yn it earste wurdlid : [war?'h?it] of [war?'h?it], "uarreheit") is in man mei in soan of dochter dy't sels bern hat, of, beskreaun fanut it eachpunt fan sokke bernsbern (of pakesizzers), de heit fan ien fan jins alden . Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip . It eigenskipswurd dat by 'pake' heart, is pakich of pake-eftich . De froulike wjergader fan in pake is in beppe . Tegearre foarmje pake en beppe in generaasje yn in minsklike famylje . Fanut it eachpunt fan 'e pakesizzers besjoen is de heit fan in pake de oerpake , en dy syn heit de betoerpake of oeroerpake (sjoch fierder de list fan beneamings foar generaasjes ). It foarheaksel "bet-" yn "betoerpake" komt fan "better", "mear". [1]

Yn in bredere betsjutting kin de beneaming 'pake' ek brukt wurde (as ferwizing nei of as oansprektitel foar) eltse willekeurige aldman. As oansprektitel is it tige familier , en de toan fan 'e utspraak bepaalt derby oft it freonlik of hunjend bedoeld wurdt, want it kin in poppenamme weze foar in aldere man mei wa't men befreone is en foar wa't men in protte respekt hat, mar it kin ek bedoeld weze as mislediging werby't de oandacht festige wurdt op 'e alderdom fan 'e man yn kwestje. Fierders is 'pakepong' in feraldere utdrukking foar de oerheid (fanwegen belestingheffing , werby't jins jild dus yn 'e grutte ponge ferdwynt). Krektsa wurdt mei 'pake syn pakhus' de finzenis bedoeld.

Yn prinsipe hat eltse pakesizzer twa pakes. It kin fansels weze dat dat net sa is om't ien fan beiden al ferstoarn is. En trochdat it sunt de ynfiering fan it homohoulik ynboargere rekke is dat homo's en lesbiennes gesinnen stiftsje, sil de fanselssprekkendheid fan it hawwen fan twa pakes meitiid grif feroarje. Om 'e beide pakes utinoar te halden, wurdt yn 'e regel troch de pakesizzer sels of op inisjatyf fan dy syn/har alden in ekstra oantsjutting tafoege. Derby kin it gean om 'e foarnamme fan pake ("pake Willem" en "pake Drewes") of om 'e efternamme ("pake De Vries" en "pake Visser"). Ek kin it underskie lykwols makke wurde troch net drekt foar de han lizzende saken, lykas it wenplak ("pake Wier" en "pake Terherne"), in bysunderheid dy't de pakesizzer oan pake opfallen is ("pake stok" en "pake burd") of it feit dat der mar ien pake is fan wa't de frou noch libbet ("pake fan beppe"). In oare praktyske oplossing kin weze om nei ien pake te ferwizen as "pake" en nei de oare as "opa", benammen as it derby om in Hollanske pake giet.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikiwurdboek-side - pake

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de , Etymologisch Woordenboek , Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992 .

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .


Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes