Paus
Benediktus XVI
(berne as
Joseph Ratzinger
,
Marktl am Inn
(
Beieren
),
16 april
1927
-
Fatikaansted
,
31 desimber
2022
) wie oant syn ferkiezing ta paus, de prefekt fan de
kongregaasje foar de leauwenslear
(de eardere
ynkwisysje
),
presidint
fan de
pauslike bibelkommisje
en presidint fan de ynternasjonale teologenkommisje en
deken
fan it
kolleezje fan kardinalen
. Hy waard
preester
op
29 juny
1951
.
Syn heit wie plysje en stamme ut in tradisjonele famylje fan lanbouwers. Joseph Ratzinger brocht syn jonge jierren troch yn
Trainstein
. Hy waard ferplichte om yn 'e
Twadde Wraldkriich
yn it leger te gean. Hy moast by it
loftofwargeskut
stean mar hy desertearre. Fan
1946
oant
1951
, it jier weryn't hy preester waard, studearre er
filosofy
en
teology
oan de
universiteit fan Munchen
en de hegeskoalle yn
Freising
. Yn 1953 promovearre hy yn de teology mei it
proefskrift
: It folk en it hus fan god neffens de lear fan Sint
Augustinus
, oer de
tsjerke
. Fjouwer jier letter waard hy dosint oan de universiteit. Hy dosearre
dogmatyk
en teology oan de hegeskoalle foar filosofy en teology yn Freising.
Yn 1962 is er op 35-jierrige leeftyd by it
Twadde Fatikaansk konsylje
teologysk adviseur fan de
aartsbiskop
fan
Keulen
,
kardinaal
Joseph Frings
. Dernei publisearre er withoefolle teologyske wurken.
Yn maart
1977
is er troch
Paus Paulus VI
beneamd as aartsbiskop fan Munchen en Freising. Syn biskopswijing folge op
28 maaie
1977. Yn 1977 hat Paus Paulus VI him beneamd as kardinaal.
Op
25 novimber
1981
beneamde
Paus
Jehannes Paulus II
him ta prefekt fan de Kongregaasje fan de leauwenslear en foarsitter fan de pauslike bibelkommisje.
Op
19 april
2005
is hy as paus keazen en hat de namme Benediktus XVI oannommen.
Benediktus joech
28 febrewaris
2013
om 20.00 oere it amt oer. Sunt hat er de titel '
paus emeritus
'.
Op 31 desimber 2022 komt paus Benedictus XVI yn 'e aldens fan 95 jier te ferstjerren.
- De toekomst van het geloof. Een eerlijke probleemstelling
, 1971, 112 s.,
Lannoo
- Tielt
- Zout der aarde, christendom en de Katholieke Kerk aan het einde van het nieuwe millennium / Kardinaal Joseph Ratzinger; een gesprek met Peter Seewald
(fertaling dan
Salz der Erde
), 1997, 279 s.,
Ten Have
-
Baarn
,
ISBN 90-259-4712-3
- De kern van ons geloof
(fertaling fan
Einfuhrung in das Christentum
), 2006 (earste druk 1970), 270 s., Lannoo - Tielt,
ISBN 978-90-209-6645-9