Biagio Anthony Gazzara
(
New York City
,
28 augustus
1930
? dere,
3 febrewaris
2012
) wie in
Amerikaansk
akteur
. Syn alden wienen fan
Italjaansk
komof.
Yn de jierren 50 wie Ben Gazzara te sjen yn ferskate
Broadway
-shows. Sa spile er de haadrol yn
Cat on a Hot Tin Roof
, in produksje regisearre troch
Elia Kazan
. Letter kaam de film
Cat on a Hot Tin Roof
, mar de haadrol gie nei
Paul Newman
. Yn totaal waard Gazzara yn syn karriere trijeris nominearre foar in
Tony Award
.
Ein jierren 50 wie er mear as ien kear te sjen yn bekende films. Hy hie in rol yn
The Anatomy of a Murder
(1959) fan
Otto Preminger
. Letter joech er stal oan de haadrol yn
The Bridge at Remagen
(1969).
Gazzara wurke geregeldwei mei regisseur
John Cassavetes
. Yn 1970 spile er neist
Peter Falk
yn
Husbands
, regissearre troch Cassavetes. Yn 1975 wienen sy tegearre te sjen yn
Capone
, der't Gazzara de wreedferneamde gangster
Al Capone
yn delsette. In jier letter naam Gazzara de haadrol yn
The Killing of a Chinese Bookie
(1976) foar syn rekkening; dy film, ek regisearre troch Cassavetes waard gjin kommersjeel sukses, mar wol in
kultfilm
. In oare kultfilm der't Gazzara yn spile, wie de
aksjefilm
Road House
(1989), weryn't er de rol fan 'e
antagonist
fertolke.
Yn de rin fan de jierren waard Gazzara in protte frege foar byrollen. Sa wie er te sjen yn ferneamde produksjes as
The Big Lebowski
(1998),
Happiness
(1998),
The Thomas Crown Affair
(1999) en
Dogville
(2003). Dat foel net ta omdat yn 1999 kielkanker by Gazzara feststeld waard. Hy krige in gemokuer en fermeagere bot under de behanneling.
Der waard grute dat Gazzara in skoftke in ferhalding hie mei aktrise
Audrey Hepburn
. Ein jierren 70 wiene hja tegearre te sjen yn
Bloodline
(1979) en
They All Laughed
(1981). Gazzara wie fan 1951 oant 1957 troud mei Louise Erickson. Fan 1961 oant 1979 wie er troud mei aktrise
Janice Rule
om yn 1982 fierder te gean mei it Dutske model Elke Krivat, mei wa't er noch altyd troud is.