Belisarius

Ut Wikipedy
keizer Justinianus mei Belisarius op in mozayk (Ravenna)

Flavius Belisarius of ek Belisarios ( Gryksk : Βελισ?ριο?) ( 505 - 565 ) wie nei alle gedachten de grutste generaal fan it East-Romeinske Ryk of Byzantynske Ryk . Yn namme fan keizer Justinianus I oermastere hy in grut part werom fan it ferlern gongen West-Romeinske Ryk .

Iere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Belisarius wie fermoedlik fan mingde Slavysk - Grykske komof. Hy makke opgong yn it leger en tsjinne as generaal oan de eastgrins der't hieltyd skermutselingen wienen mei de Sassaniden . Der besoarge hy de opkringende Perzen in oantal swiere nederlagen sadat de keizer in 'ivige frede' mei harren sluet. Ut tankberens beneamde hy Belisarius ta haad fan syn liifwacht. Troch dizze frede koe de keizer al syn oandacht rjochtsje op Westen fan it eartiids Romeinske ryk der't de Germanen harren keninkriken stifte hiene. Mar eardat it safier wie rekke de keizer sawat de troan kwyt troch de Nika oproer . Allinnich troch diedkreftich optreden fan syn frou Theodora bleau de troan behalden. Mei help fan Belisarius koe de opstan delslein wurde, der't under de rebuljemakkers mear as 30.000 deaden by falle soenen.

Weroermastering fan it Westen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neidat yn Konstantinopel de rest werom komd wie, waard Belisarius nei Noard-Afrika stjoerd om in ein te meitsjen oan it Fandaalske ryk . Yn in fjildtocht dy't krekt mear as in jier duorre waarden de Fandalen yn twa fjildslaggen ferslein, alhoewol't it noch in skoft duorje soe eardat al harren gebieten de Romeinen op 'e nij as hearskers erkenden.

Dernei moast Belisarius de Ostrogoaten fan Itaalje under hannen nimme. Dat wie in hiel wat dregere opdracht en it soe sawat tweintich jier duorje oant de Goaten de striid opjoegen. Dat resultaat waard berikt troch "kollega" generaal Narses . Belisarius sels wie op in sydspoar terjochte kaam. Nei alle gedachten wie de keizer bang wurden foar de tige populere generaal dat dizze him nochris fan de troan stompe soe. Belisarius waard werom roppen nei Konstantinopel en Narses krige it befel oer de kampanje yn Itaalje. Omdat dizze wol genoch troepen meikrige, koe er de Goaten sa fier krije dat sy harren oerjoegen.

Lettere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op beskuldiging fan unbetrouberens waard Belisarius feroardield ta de finzenis. Mar omdat al it ryk mei swierrichheden te krijen hie oan de grinzen, waard al gau wer berop op him dien. Yn it easten wienen de Sassaniden wer op it oarlochspaad en yn it noarden waard de Balkan oerspield mei Slavyske stammen, omdat it meastepart fan de grinstroepen earne oars ynset wienen. Op wunderbaarlike wize slagge Belisarius der yn om it leger op 'e nij te organisearjen en koed er de Slaven werom driuwe. Ut tankberens mocht er yn syn amt weromkomme. Koart dernei stoaren sawol de alde keizer as de generaal.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]