한국   대만   중국   일본 
Belesting - Wikipedy Springe nei ynhald

Belesting

Ut Wikipedy
De belesting wurdt betelle op in skilderij ut omtrint 1630 fan Pieter Brueghel de Jonge .
Net te betiizjen mei belesting , de kreften dy't earne op utoefene wurde.

Belesting , soms ek taks neamd (fan it Latynske taxo , "ferhalding"), is in algemiene, ferplichte betelling troch boargers en oare rjochtsunderdienen (lykas bedriuwen ) oan 'e oerheid fan it lan der't se yn wenje of festige binne. It byhearrende eigenskipswurd is fiskaal , in ferbuging fan it wurd fiskus , dat de belestingtsjinst oantsjut, de ynstansje fan 'e oerheid dy't oer de belestings giet. It ynjen fan belesting troch de oerheid wurdt belestingheffing neamd, en derom neamt men in beskate belesting soms ek wol in heffing . Foar belestingheffing stiet gjin yndividuele tsjinprestaasje oer fan 'e oerheid yn 'e rjochting fan in beskate rjochtsunderdien. As der foar in betelling oan 'e oerheid wol in prestaasje fan 'e kant fan 'e oerheid foar in beskate rjochtsunderdien oer stiet, sprekt men fan in retribusje .

Belestingrjocht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Belestings wurdt ine op basis fan 'e wet ; alle wetten en regels omtrint belestings mei-inoar neamt men it belestingrjocht . As in rjochtsunderdien wegeret en betelje de oan him opleine belestings, is er strafber en sil er navenant ferfolge wurde. Guon lju besykje oan it beteljen fan belesting te untkommen troch (yllegale) belestinguntduking of (legale mar ornaris as ymmoreel beskoge) belestinguntwiking .

Funksjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Budgettere funksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wichtichste funksje fan belesting is de budgettere funksje. Dat haldt yn dat de opbringst fan 'e opleine belestings troch de oerheid brukt wurdt foar it finansieren fan foarsjennings, werfan't yn 'e wet festlein is dat dy algemien tagonklik en beskikber weze moatte. Foarbylden fan sokke foarsjennings binne de ynfrastruktuer (bgl. wegen , spoarwegen , kanalen , bregen , fiadukten , akwadukten , strjitten , pleinen ), plysje , branwacht , sunenssoarch , underwiis , kriichsmacht , sosjale sekerheid , saken omtrint keunst en kultuer , en yn Nederlan ek it Keninklik Hus .

Ynstrumintele funksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dernjonken hat belestingheffing in ynstrumintele funksje. Dat bestjut dat de oerheid mei it ynjen fan belesting njonken it beteljen foar de begrutting noch oare doelstellings neistribbet en de belestingheffing derfoar as yntrumint brukt. Foarbylden fan sokke bykommende funksjes binne:

  • De ferdielingsfunksje: de oerheid wol de ynkommensferdieling gelikenser meitsje troch de hegere ynkommens swierder en de legere minder swier te belesten.
  • De allokaasjefunksje: de oerheid wol de nasjonale yndustry , hannel of agraryske sektor beskermje, bgl. troch by de grins ynfierheffings op te lizzen oan butenlanske produkten.
  • De stabilisaasjefunksje: de oerheid wol it konjunktuerbelied beynfloedzje, bgl. troch yn tiden fan resesje (leechkonjunktuer) de belestings te ferleegjen, sadat de lju oanfitere wurde mear jild ut te jaan, wat de ekonomy sterker makket en derom yn teory helpe moatte soe om ut 'e resesje te kommen.
  • De sosjale funksje: de oerheid wol beskaat sosjaal winsklik halden en dragen fan syn rjochtsunderdienen oanfiterje of unwinsklik halden en dragen untmoedigje. Soks kin dien wurde troch bgl. miljeufreonlike produkten minder swier te belesten, sadat der mear fan kocht wurde en it miljeu sparre wurdt, of troch iten en drinken der't in soad suker yn sit dat min foar de sunens fan 'e minsken is, swierder te belesten, sadat der minder fan kocht wurdt.

Direkte en yndirekte belestings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Direkte belestings binne belestings op ynkommen , winst en fermogen . Sokke belestings draacht de belestingplichtige sels of oan 'e belestingtsjinst , de ynstansje fan 'e oerheid dy't oer it ynjen fan 'e belestings giet. Foarbylden fan sokke belestings binne de ynkomstebelesting en de fennoatskipsbelesting .

Yndirekte belestings , of ek wol kostpriisferheegjende belestings, wurde troch in oar oan 'e belestingtsjinst ofdroegen. Sokke belestings binne lykwols yn 'e priis fan guod en tsjinsten ferwurke. De bekendste foarbylden fan dat soarte belestings binne de omsetbelesting (yn Nederlan de BTW ) en aksynzen . De konsumint betellet dy belestings, mar de leveransier fan it kochte guod of de ferliende tsjinsten draacht it belestingbedrach of oan 'e belestingtsjinst.

Wize fan beteljen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Belesting kin ek underferdield wurde op basis fan 'e manear der't it op ofdroegen wurdt. Sa underskiedt men:

  • Heffings yn jild, werby't it bedrach dat wetlik ferskuldige is, foldien wurdt yn jild .
  • Heffings yn natuera, werby't it bedrach dat wetlik ferskuldige is, foldien wurdt op in oare wize. Sa joech men yn 'e Midsiuwen bgl. wol in pear hinnen of in baarch oan 'e belestingynder mei. In hjoeddeistige foarm fan heffing yn natuera is as der betelle wurdt troch de oerdracht fan oandielen of obligaasjes .
  • Heffings yn arbeidskreft, dat yn 'e regel mar selden as in foarm fan belesting sjoen wurdt, mar dat foar de wet eins wol is. Foarbylden binne de militere tsjinstplicht en yn lannen mei in sjueryrjochtspraaksysteem de sjueryplicht .

Soarten belesting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bekende soarten belesting binne:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en Further reading , op dizze side .