Bavo Galama
(
Nimwegen
,
3 april
1958
) is in
Nederlansk
kabaretier
,
presintator
,
programmamakker
en
akteur
fan
Frysk
komof.
Galama waard yn
1958
berne yn it
Gelderske
Nimwegen
. Syn famylje komt lykwols oarspronklik ut
Boalsert
. Hy waard foar it earst bekend as
kabaretier
, doe't er fan
1981
oant
1989
mei
Titus Tiel Groenestege
gearwurke as it duo
Frisse Jongens
, mei foarstellings as
Mannetjes op de Rand
,
Anton Huyg Komt Nooit Meer Thuis
en
Ons Lowietje Heeft een Engel Gezien
. Hja wurken ek in hoart mei oan it
VPRO
-
radioprogramma
Pandemonium
, en mei
Adelheid Roosen
en
Jack Spijkerman
oan
VARA
's Nachtshow
. It duo
Frisse Jongens
wun ferskate prizen, lykas de sjuery- en publykspriis fan it
Camerettenfestival
, yn
1981
, en letter de
Eerste Nederlandse Cabaretprijs
en de
Sulverne Harpe
.
Nei 't hy en Titus Tiel Groenestege yn
1989
utinoar gien wiene, makke Galama trije solo-kabaretprogramma's,
De Vrije Val van Victor Thieu
,
Iets met een Kist
en
De Straat, de Straat
. Op 'e nij foel er dermei yn 'e prizen, en wun u.m. de CJP Poadiumpriis. Fan
1992
of krige er ek buten it
teater
bekendheid, doe't er as panellid meidie oan it humoristyske konsuminteprogramma
Ook Dat Nog!
, fan 'e
KRO
. Derby ferfong er it oarspronklike panellid
Erik van Muiswinkel
, en wurke er gear mei presintator
Aad van den Heuvel
en de oare trije panelleden
Sylvia Millecam
,
Gregor Frenkel Frank
en
Hans Bohm
. Galama fungearre ek jierrenlang as tekstskriuwer foar dit programma, ek noch nei't er opholden wie as panellid. Nei it ferstjerren fan Millecam, yn
2001
, breide er der in ein oan.
Neitiid wurke Galama mei in grut tal programma's, as betinker, adviseur of
regisseur
. Sa regisearre er in seizoen fan 'e
komeedzjerige
Verkeerd Verbonden
, mei yn 'e haadrollen
Bert Kuizenga
en
Elsje de Wijn
, dy't utstjoerd waard troch de
TROS
. Ek hie Galama sels gastrollen as
akteur
yn searjes as
Baantjer
en
Voetbalvrouwen
, en spile er mei yn ferskate
filmproduksjes
, werunder
Floris
en
Vincent
. Tegearre mei
Jeroen van Merwijk
spile er it teaterprogramma
De Omgekeerde Wereld
, en teffens makken hja tegearre it radioprogramma
Radio Magnolia
, foar de
KRO
. Fierders makke Galama mei syn broer
Fabian Galama
, in
balletdunser
, de foarstelling
Gebroeders
, werfoar't er de teksten basearre op it boek mei deselde namme fan
Ted van Lieshout
.
Sels skreau Bavo Galama fjouwer
berneboeken
, de saneamde
Kleine Thomas
-rige. Dy waard yn
2001
utjun troch
Kosmos-Z&K Uitgeverij
, en der giene wol 40.000 fan oer de toanbank. Galama skreau ek it
senario
foar de jongereinsearje
Villa Neuzenrode
, by
Z@ppelin
. Fan
2003
of wied er fierders as regisseur belutsen by de teatertoers fan
sjonger
Guus Meeuwis
en yn
2010
ek by it toernee fan sjonger
VanVelzen
. Op
RTL 7
presintearre er fan
2004
oant
2010
it
autoprogramma
Gek op Wielen
, en sunt
2010
docht er op
SBS 6
de presintaasje fan it lyksoartige programma
Nederland op Wielen
.
- Kleine Thomas
-rige
- 2001 ?
Help, Ik Moet Poepen!
- 2001 ?
Het Regent in de Badkuip
- 2001 ?
Mag Ik Vandaag Mijn Blootje Aan?
- 2001 ?
Nee, Ik Wil Niet Slapen!
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|