한국   대만   중국   일본 
Basiliuskatedraal - Wikipedy Springe nei ynhald

Basiliuskatedraal

Ut Wikipedy
Basiliuskatedraal

Храм Васи?лия Блаже?нного

Lokaasje
lan Ruslan
plak Moskou
adres Reade Plein
koordinaten 55° 45' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt Posnik Jakovlev, Ivan Barma
boujier 1555-1561
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnumer 7710342000
Webside
shm.ru/museum
Kaart
Basiliuskatedraal (Moskou)
Basiliuskatedraal

De Basiliustsjerke ( Russysk :Храм Василия Блаженного Chram Vasilija Blazjennogo , de 'Tsjerke fan Basilius de Sillige') of de Foarbeakatedraal (Покровский собор, Pokrovski Sobor , de Foarbeakatedraal') stiet oan it Reade Plein en is ien fan 'e meast ferneamde gebouwen fan 'e Russyske haadsted Moskou .

De bou fan 'e katedraal sette yn 1552 yn opdracht fan tsaar Ivan de Ferskriklike utein en duorre oant en mei 1561 . De oanlieding foar de bou wie de oerwinning fan 'e Russen op 'e Tartaarske sted Kazan . Arsjitekten wiene Posnik Jakovlev ut Pskov en Ivan Barma (dy't mooglik ien en deselde persoan wienen). It ferhaal giet dat de tsaar de arsjitekt de eagen utstekke woe om sa foar te kommen dat de arsjitekt ea wer sa'n moai gebou meitsje koe.

De offisjele namme fan 'e Basiliustsjerke is de katedraal fan 'e Foarbea fan 'e Mem Gods. De katedraal waard lykwols bekender under de namme Basiliuskatedraal, nei de hillige dwaas Vasili, dy't der begroeven leit. It monumint is neffens de tradisjonele Russyske houtarsjitektuer boud. Net earder as yn 1670 binne de sipelfoarmige koepels beskildere yn ferskate kleuren, derfoar wie it gebou wyt mei goudkleurige koepels.

Utlis namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pokrov bestjut letterlik 'sluier' en is de namme fan it feest yn 'e Easterske otterdoksy , dat yn 'e regel oerset wurdt as 'Foarbea fan 'e Mem Gods'. Benammen yn Ruslan is it in wichtich feest, dat op de otterdokse kalinder op 14 oktober fierd wurdt. It giet werom op in barren fan 911 yn 'e Blachernaepaleistsjerke yn Byzantium . Under lieding fan 'e heidenske prins Oleg foelen Slavyske stammen Byzantium oan om de sted en omkriten te plonderjen. De bewenners sochten harren taflecht yn 'e tsjerke, der't de Mem fan God mei Jehannes de Doper en Jehannes de Evangelist boppe it biddende tsjerkefolk ferskynden en de Mem Gods mei har sluier de minsken oerduts om se te beskermjen tsjin 'e fijannelike oerfallen. De oare deis joech prins Oleg syn troepen opdracht om har werom te luken ut de sted. Dat is it feest der't it belangrykste alter fan 'e katedraal oan wijd is en dat de namme oan 'e katedraal joech. Mei de oermastering fan grutte dielen fan 'e otterdokse wrald troch de islamityske Turken rekke it feest stadichoan yn it ferjitten, mar yn Ruslan bleau de tradysje fan 14 oktober bestean.

De katedraal wurdt offisjeus ek de Basiliustsjerke neamd nei Basilius de Sillige , dy't yn 'e njoggende kapel byset is. Basilius wie in swalker en stiel om 'e earmen iten te jaan. Hy soe Ivan IV beskrobbe ha om 't dy gjin omtinken oan 'e earmen joech en net as goed kristen libbe. Ek foarsei er in grutte stedsbran, itjinge in soad lijen tefoarren kaam. Nei syn dea waard er yn 'e noch net foltoge katedraal begroeven. Ivan IV wie op 'e begraffenis ien fan 'e dragers fan syn kiste.

Katedraal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Grunplan.

Foar it untwerp fan it gebou waard brutsen mei de tradisjonele plattegrun fan tsjerkegebouwen. De arsjitekt keas foar in sintrale kapel, mei derom hinne acht kapellen, dy't elts in symboalyske ferwizing hat nei ien fan 'e acht oanfallen op Kazan. De middelste kapel is de haadtsjerke en hat in tintedank mei in gouden koepel, de oare kapellen hawwe allegear in kleure koepel. De fjouwer grutte koepels foarmje tegearre in krus . Om 'e sintrale kapel rint in gong, dy't in ferbining makket mei de oare kapellen. Dy gong waard ein 17e iuw oerdutsen. De katedraal hat mei sin gjin foargevel, sadat er fan alle kanten bewundere wurde kin. Oarspronklik wie de katedraal wyt mei gouden koepels, mar nei in bran yn 1583 waarden se ferfongen troch de hjoeddeiske koepels en sunt 1670 waard utein set mei it oanbringen fan kleuren.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Katedraal en it Reade Plein.

De katedraal waard tusken 1555 en 1560 boud. De folsleine namme is Sobor Pokrova, tsjto na rvoe (Собор Покрова, что на рву), itjinge "Katedraal fan 'e foarbea fan 'e Mem Gods op 'e groppe" betsjut. De Pokrovkatedraal ferfong in aldere ferlitten tsjerke op itselde plak. De wijing fun plak op 12 july 1561.

Der wurdt ornearre dat Ivan de arsjitekt Jakovlev nei foltoging fan it wurk frege as er in noch moaier gebou meitsje koe. Doe't de arsjitekt sei dat er dat wol koe, liet de tsaar him de eagen utstekke om der wis fan te wezen dat de Pokrovkatedraal it moaiste gebou bleau. It ferhaal is net wier want de arsjitekt hat letter mear gebouwen untwurpen en wurke bygelyks ek mei oan 'e Ferkundigingskatedraal en de muorren en tuorren fan it kremlyn fan Kazan . Itselde ferhaal wurdt ek ferteld oer de makker fan it astronomysk oerwurk fan Praach . De bou waard utfierd troch faklju ut Dutske kontreien en mitslers ut Pskov .

Ferbiningsgong.

Fjouwer jier nei de dea fan Ivan IV waard oan 'e noardeasthoeke fan 'e katedraal in tsjerke boud, nei alle gedachten troch deselde arsjitekt. Yn opdracht fan tsaar Fjodor waarden yn 1588 de reliken fan 'e hillige healwizeling Vasili (ek Basilius) nei dy tsjerke oerbrocht, dy't ek de namme fan 'e hillige krige. Vasili, in healwizeling yn Kristus, wie tige populer under it folk en om 't yn dy tsjerke oars as yn 'e oare tsjerken fan 'e katedraal alle dagen drok besochte tsjinsten fierd waarden, krige de katedraal hieltiten faker de namme Vasilitsjerke. Sa waard de tsjerke ynternasjonaal ek fral bekend under de namme Basiliustsjerke (Basilius is de Latynske foarm fan Vasili).

Sovjettiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De katedraal yn 1890 .

De katedraal waard yn 1919 troch de bolsjewiken yn beslach nommen en sletten foar reparaasjes. De arsjitekt Pjotr Baranovski hie de lieding oer it wurk, dat oant 1929 duorre. Oeral yn Moskou en Ruslan waarden tsjerken ofbrutsen en om de katedraal dat lot te besparjen koe it net oars as de katedraal moast in museum wurde en dat soe dan it museum ta neitins oan 'e Russyske oermastering fan Kazan wurde. Dochs like it der op dat ek de Basiliuskatedraal net oan 'e weach fan ferneatiging fan religieuze bouwurken untkomme soe. Yn 1929 waarden de klokken fan 'e katedraal weihelle en Jozef Stalin feroardene om de tsjerken fan it Reade Plein of te brekken om der tenei de grutte militere parades te halden. De Kazankatedraal waard ofbrutsen en om de parades safolle mooglik romte te jaan moast ek de Basiliuskatedraal der oan leauwe. De plannen feroarsaken lykwols protest en Eleanor Roosevelt stelde sels ut om it hiele bouwurk of te brekken en wer op te bouwen yn 'e Feriene Steaten . De arsjitekt Baranovski late de protesten en neffens guon ferhalen stie dy op de treppen fan it gebou, der er him de kiel drige troch te snijen, en stjoerde er in stikelich telegram nei it Sovjetregear. Neffens in oar ferhaal soed er op syn knibbels lein ha foar it Sintraal Komitee fan 'e KPSU om de leden oer te heljen it gebou stean te litten. Lang om let bleau de katedraal stean, mar Baranovski krige yn 1933 in feroardieling foar anty-Sovjetpropaganda en waard foar 3 jier twangarbeid nei de West-Sibearyske sted Mariinsk ferballe. Yn 1936 waard it monumint foar Dmitri Pozjarski en Kuzma Minin , dy't it Russyske frijwilligersleger yn 'e Tiid fan Unstjoer tsjin de Poalske ynfaazjetroepen laten, ferset fan it midden fan it Reade Plein nei in plak foar de katedraal, sadat de troepen sunder beheining paradeare koene.

Lykas hast by alle noch besteande tsjerken waard yn 'e Sovjet-Uny oan underhald net folle dien, sadat it gebou yn 'e rin fan 'e tiid der net moaier op waard.

Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sunt 1990 waard de katedraal fan binnen en buten hielendal restaurearre. It wurk waard yn 2006 ofsletten. Yn 1990 waarden de klokken wer ophongen. De hjoeddeiske klokken datearje fan 1547 oant 1996 en komme ut de Oeral , Jaroslavl , Moskou, Frankryk , Dutslan , Wyt-Ruslan en Nederlan .

Op 14 oktober 1991 waard der foar it earst sunt lang ek wer in tsjinst holden yn 'e tsjerke. Sunt wurde der ut en troch wer tsjinsten fierd, mar de katedraal is noch jimmeroan in underdiel fan it Nasjonaal Histoarysk Museum . Mei de oare monuminten op it Reade Plein en yn it kremlyn foarmet de katdraal wralderfgoed fan UNESCO .

Oars [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Jalainur ( Binnen-Mongoalje ) tichteby Sina 's grins mei Ruslan stiet in replika fan de Basiliuskatedraal.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kathedraal van de Voorbede van de Moeder Gods (Moskou)