Back to the Future (film)

Ut Wikipedy
Back to the Future
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Robert Zemeckis
produsint Bob Gale
Neil Canton
utfierend
   produsint
Steven Spielberg
Kathleen Kennedy
Frank Marshall
senario Bob Gale
Robert Zemeckis
kamerarezjy Dean Cundey
muzyk Alan Silvestri
filmstudio Universal Pictures
Amblin Entertainment
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Michael J. Fox
Christopher Lloyd
byrollen Lea Thompson
Crispin Glover
Thomas F. Wilson
Claudia Wells
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 3 july 1985
foarm langspylfilm
sjenre science fiction - komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $19 miljoen
opbringst $381,1 miljoen
prizen 1 × Oscar
3 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Back to the Future
● folgjend diel Back to the Future Part II

Back to the Future is in Amerikaanske science fiction - komeedzjefilm ut 1985 under rezjy fan Robert Zemeckis , mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Christopher Lloyd . De titel betsjut "Werom nei de Takomst". It ferhaal giet oer teenager Marty McFly, dy't by fersin mei de tiidmasine fan syn freon , de eksintrike utfiner Doc Brown, weromreizget nei 1955 . Der stjoert er de moeting fan syn aldelju yn 'e war, mei as gefolch dat syn eigen bestean faai komt te stean. Back to the Future krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel sukses yn 'e bioskopen , dat oanlieding joech ta de produksje fan twa ferfolchfilms en it untstean fan in mediafranchise dy't ek Back to the Future hjit. De film wun de Oscar foar beste ludsmontaazje en trije Saturn Awards . Tsjintwurdich wurdt Back to the Future runom beskoge as ien fan 'e beste films dy't ea makke binne en in ikoan fan 'e Amerikaanske popkultuer . Yn 2007 waard de film troch de Library of Congress utornearre om preservearre te wurden yn it National Film Registry omreden fan kulturele , histoaryske of estetyske wearde.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1985 is Marty McFly in gewoane teenager dy't yn it ( fiktive ) plak Hill Valley wennet, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje . Syn heit George is in leffert dy't him op syn geastdeadzjende wurk allegeduerigen op 'e kop sitte lit troch syn narjende liedingjaande Biff Tannen. Syn mem Lorraine is in obese , alkoholistyske , depressive husfrou . Marty hat in aldere broer , Dave, en in aldere suster , Linda, dy't noch thus wenje en dy't it as jonge folwoeksenen net bot meiwierret. Op 'e middelbere skoalle kin Marty min mei rektor Strickland, dy't him in loaie utfretter fynt. Hoewol't er goed gitaarspylje kin en in leafde foar muzyk hat, mislearret de audysje fan Marty en syn maten foar de talintejacht Battle of the Bands . Oan syn faam Jennifer Parker fertelt er dat er bang is dat al syn ambysjes ta neat komme sille, sadat er krekt sa wurdt as syn alden .

Dyselde juns praat Marty of op it parkearterrein fan it pleatslike winkelsintrum mei in aldere freon fan him, de eksintrike utfiner doktor Emmett Brown, dy't troch eltsenien Doc Brown neamd wurdt. Dyselde lit Marty der syn nijste utfining sjen: in tiidmasine dy't er makke hat fan in oanpaste DeLorean-persoane-auto . De auto sels riidt op elektrisiteit , mar om 'e tiidmasine wurkje te litten hat Doc in kiste fol plutoanium ofhandich makke oan in pear Libyske terroristen . Dyselden hiene dat guod ut in Amerikaansk oerheids laboratoarium stellen . Om Marty de wurking fan 'e tiidmasine ut te lizzen, fiert Doc de datum 5 novimber 1955 yn, tritich jier lyn, de dei dat er foar it earst it idee krige om in masine te bouwen foar tiidreizgjen . Marty en Doc wurde underbrutsen troch de beide Libyske terroristen, dy't blykber untdutsen hawwe dat Doc harren bedragen hat. Ien fan harren iepenet it fjoer mei in mitrailleur en sjit Doc dea . As de terroristen dernei efter Marty oan komme, naait er ut yn 'e DeLorean. Op 'e flecht stelt er by fersin de tiidmasine yn wurking, en as er de kritike faasje fan 142  km yn 'e oere berikt, ferdwynt er ut 1985 .

In momint letter arrivearret Marty op 5 novimber 1955 . As er foar it ferstan kriget dat er trichtich jier yn 'e tiid tebek gien is, sit er der raar ta, want hy hat gjin plutoanium mear om nei syn eigen tiid werom te kearen. Sadwaande ferberget er de DeLorean, wernei't er nei it (folle lytsere) Hill Valley ta rint . Der moetet Marty syn eigen heit George as teenager, dy't ek yn dizze tiid al allegeduerigen narre wurdt troch syn klasgenoat Biff Tannen. As er George folget, untdekt er dat syn heit in strunjeier is, dy't it foar de moade hat om yn in beam te klimmen foar it hus fan Lorraine, Marty syn mem, sadat er by it finster fan har keamer nei binnen sjen kin as se har ferklaait. As George ut 'e beam knoffelet en oanriden driget te wurden troch in foarbykommende auto , redt Marty syn libben troch him oan 'e kant te triuwen. Dertroch wurdt er lykwols sels oanriden. Hy komt mei de holle hurd op 'e dyk del en rekket bewusteleas .

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

As Marty wer bykomt, befynt er him yn 'e wente fan 'e hushalding fan syn mem Lorraine. It wurdt him dudlik dat er wat stoms dien hat. Hy ken it ferhaal fan 'e earste moeting fan syn heit en mem ommers goed: Marty syn pake Sam Baines ried by himsels foar hus in jonge oan dy't bewusteleas rekke. Derom naam er him mei yn 'e hus, der't de jonge, dy't Marty syn heit George wie, fersoarge waard troch Sam syn dochter, Marty syn mem Lorraine. Hja rekken fereale en op it Enchantment under the Sea - bal tuten se foar de earste kear. Se krigen ferkearing en trouden letter en stiften in gesin . No hat Marty, trochdat er George oan 'e kant treaun hat, it plak fan syn eigen heit ynnommen. Hy wurdt fersoarge troch Lorraine, dy't, ta syn ofgriis , fereale op him rekket. Marty bliuwt dy juns te iten yn 'e Baines-hushalding, werby't er oanhaldend under de tafel de hantaastlikheden fan syn mem ofwarje moat, oant er uteinlik mei in ferlechje utpykt.

Dyselde juns noch spoart Marty in tritich jier jongere Doc Brown op, dy't er (mei muoite) derfan wit te oertsjugjen dat er ut 'e takomst komt mei in tiidmasine dy't in aldere Doc makke hat. Hy freget help om wer nei syn eigen tiid werom te kearen, mar Doc leit ut dat er net wit hoe't er oan plutoanium komme moat. It iennichste dat er betinke kin om 'e 1,21  gigaWatt op te wekjen der't de tiidmasine ferlet fan hat om te funksjonearjen, is it opfangen fan in wjerljochtslach , mar dy binne net te foarsizzen. Aldergeloks hat Marty de middeis foar syn ofreis ut syn eigen tiid fan in kollektante in flyer yn 'e hannen drukt krigen, der't op utlein stiet werom't de stilsteande klok yn 'e gevel fan it gerjochtsgebou fan Hill Valley, dy't tritich jier earder rekke is troch in wjerljochtslach, yn dy steat beholden wurde moat. De tekst neamt de datum en presize tiid fan 'e wjerljochtslach, dy't no oer in lytse wike plakfine sil. Sadwaande begjint Doc te risselwearjen om 'e enerzjy fan 'e wjerljocht op te fangen en dermei Marty werom nei de takomst te stjoeren.

Underwilens hat Marty sels oare swierrichheden. Op in foto fan him en syn broer en suster begjint syn broer te ferdwinen. Doc riddenearret dat Marty sunt syn oankomst yn 1955 wat dien hat dat de takomst feroare hat, sadat syn heit en mem nea in gesin stiftsje sille. Hy foarseit dat nei Dave ek Linda fan 'e foto ferdwine sil en uteinlik Marty sels. As dat bart, sil er yn it echt ek weiwurde, om't er troch de feroarings yn it ferline nea bestien hawwe sil. Marty beseft dat er troch it fersteuren fan 'e moeting tusken syn heit en mem de hiele takomst yn 'e war brocht hat. Op advys fan Doc begjint er George oeral te folgjen om te reparearjen wat der feroare is. Dat is lykwols makliker sein as dien, om't George der yn ferhalding ta de unferskrokken Marty noch leffer en swakker utsjocht as er al is. Ynstee dat Lorraine fereale wurdt op George, falt se hieltyd djipper foar Marty, fral as Marty it op in stuit tsjin Biff en syn maten opnimt, wernei't dy by in efterfolging tsjin in dongkarre oan ride en under de hynstestront komme te sitten.

Lorraine freget Marty mei nei it Enchantment under the Sea -bal, dat op deselde juns plakfine sil as de wjerljochtslach. Marty beseft dat er derfoar soargje moat dat George en Lorraine inoar der tutsje, oars is it dien mei him. Hy betinkt derom in snoad plantsje: hy sil der mei Lorraine hinne, mar oan it begjin fan 'e jun sil er yn 'e auto op it parkearterrein te fier gean troch oan te kringen op seks. George kin Lorraine dan rede troch Marty ut 'e auto te skuorren en fuort te jeien. It plan rint lykwols averij op as Biff en syn maten Marty en Lorraine it earst yn it each krije en Marty ut 'e auto skuorre. Biff lit Marty offiere om him op te sluten yn 'e kofferbak fan 'e auto fan 'e band dy't op it bal de muzyk fersoarget, wylst er sels by Lorraine yn 'e auto klimt en tsjin har wil boppe-op har krupt . As George arrivearret, mient er earst dat it Marty is dy't op Lorraine leit, en pas as er him fan har ofskuord hat, sjocht er dat it Biff is. Biff brukt syn gewoanlike narderspraktiken om George teplak te setten, mar as er dernei Lorraine sear docht, wurdt George breinroer en slacht him mei ien klap bewusteleas.

Neitiid eskortearret George de tankbere Lorraine nei it bal. Marty wurdt troch de bandleden ut 'e kofferbak befrijd, werby't de gitarist in ferwune han oprint. Marty ferfangt him en treedt op mei de band om derfoar te soargjen dat George en Lorraine mei-inoar dunsje kinne, wat liedt ta harren earste tut. Dernei ferskine Dave en Linda wer op Marty syn foto, wat betsjut dat it ferline reparearre is. No't er wer wis fan syn eigen libben is, jout Marty him by Doc, dy't by it gerjochtsgebou tariedings troffen hat om 'e wjerljochtslach op te fangen.

Marty langet Doc in bryfke oer mei in warskoging foar wat der yn 1985 barre sil mei de Libyske terroristen, mar Doc, dy't neat witte wol oer syn eigen lot , ferskuort it. Derop stelt Marty de DeLorean-tiidmasine tsien  minuten earder yn as dat er ut 1985 ofset is, sadat er dan noch de tiid hawwe sil om Doc te warskogjen. As de wjerljocht ynslacht, wurdt Marty werom nei de takomst stjoerd, der't de DeLorean lykwols ofslacht, sadat Marty it hiele ein fan it gerjochtsgebou nei it winkelsintrum drave moat. Der komt er krekt op 'e tiid oan om ta te sjen hoe't Doc deasketten wurdt en hysels nei it ferline reizget, wernei't de terroristen fan skrik in ferkearsungemak krije. As Marty yn triennen njonken it lichem fan Doc sit, wurdt dyselde wer wkker; it docht bliken dat er him yn 1955 nei de ofreis fan Marty betocht hat en de snipels fan Marty syn bryfke byinoar socht en oaninoar plakt hat. Sadwaande droech er in kugelfrij fest op 'e jun dat de terroristen him tenei kamen.

Nei't er Marty thusbrocht hat, set Doc yn 'e DeLorean of nei 2015 , om ris yn 'e takomst te sjen. Marty is dea te'nein en falt thus fuortendaliks yn 'e sliep . As er de oare moarns wekker wurdt, blykt dat de wente fan 'e McFly's der hiel oars utsjocht as foardat Marty nei it ferline reizge. Alles is lukse ynrjochte en goed underholden. Ek is syn heit in suksesfol skriuwer fan science fiction - romans , wylst syn mem slank en gelokkich is. Dave en Linda hawwe allebeide in goede baan , en Biff Tannen is in servile assistint yn 'e tsjinst fan George McFly. Marty syn faam Jennifer komt by him oan, en Marty stiet op it punt om har alles te fertellen dat him oerkommen is, as ynienen Doc ferskynt yn 'e DeLorean. Dyselde stiet der by Marty op oan dat er no fuortendaliks meikomme moat nei de takomst, en Jennifer ek, om't harren bern reden wurde moatte fan in ferskriklik lot.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Michael J. Fox yn 1988 .
Christopher Lloyd yn 2010 .
Lea Thompson yn 2008 .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Marty McFly Michael J. Fox
Emmett "Doc" Brown Christopher Lloyd


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lorraine Baines McFly Lea Thompson
George McFly Crispin Glover
Biff Tannen Thomas F. Wilson
Jennifer Parker Claudia Wells
rektor Strickland James Tolkan
Dave McFly Marc McClure
Linda McFly Wendie Jo Sperber
Sam Baines George DiCenzo
Stella Baines Frances Lee McCain
Milton Baines Jason Hervey
'Skinhead' Jeffrey Jay Cohen
'3-D' Casey Seimaszko
'Match' Billy Zane
Lou de kafee -eigner Norman Alden
Goldie Wilson Donald Fullilove
Marvin Berry Harry Waters jr.
Pa Peabody Will Hare
Dixon Courtney Gains
de 'klokketoerfrou' Elsa Raven
sjuerylid by Battle of the Bands Huey Lewis ( cameo )
Libyske terrorist #1 Richard L. Duran
Libyske terrorist #2 Jeff O'Haco

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Preproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It senario foar Back to the Future waard skreaun troch regisseur Robert Zemeckis en filmprodusint Bob Gale , dy't nei ferskate flops ( I Wanna Hold Your Hand , 1941 , Used Cars ) ut alle macht besochten om ta in film oer tiidreizgjen te kommen dy't sawol kritysk as kommersjeel suksesfol weze soe. It skript der't se mei op 'e lapen kamen, krige fan Frank Price , de studiobaas by Universal Pictures , net it griene ljocht om't er it te nuet fun. Resinte suksesfolle jeugd komeedzjes , lykas Animal House ( 1978 ), Porky's ( 1981 ) en Fast Times at Ridgemont High ( 1982 ) hiene allegearre seksualiteit yn it ferhaal bemjukse. Ynstee stelde er foar om 'e filmrjochten oan in oare studio te ferkeapjen. Doe't Gale en Zemeckis dermei nei Disney giene, waard de film der lykwols krekt wer wegere om't men it ferhaal te op it rantsje fun, mei Marty McFly dy't avanses fan syn eigen mem untwike moat.

It projekt kaam in hoart stil te lizzen, wylst Zemeckis Romancing the Stone ( 1984 ) makke. Doe't dy film in grut sukses waard, wie der mear belangstelling om mei Zemeckis gear te wurkjen, mar dyselde wrokke tsjin studio's dy't him earder net stean sjoen hiene, en gie ynstee yn see mei Amblin Entertainment , de studio fan syn mentor Steven Spielberg . Dyselde mocht Price net lije om't dy syn film E.T. the Extra-Terrestrial ofwiisd hie. Hoewol't se net om Universal hinne koene, dat de filmrjochten op it senario fan Gale en Zemeckis yn besit hie, twong Spielberg of dat de rol fan Price by de produksje fan Back to the Future sa beheind mooglik weze soe. Sidney Sheinberg waard oanwiisd om as utfierende haadprodusint de belangen fan Universal te behertigjen, wylst de film produsearre waard troch Gale en Neil Canton , en Kathleen Kennedy en Frank Marshall fan Amblin yn 'e mande mei Spielberg utfierend produsint waarden. Foar de film wie in budget beskikber fan $ 19 miljoen.

Regisseur Robert Zemeckis yn 2015 .

Casting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar de rol fan Marty McFly waarden ferskate akteurs yn omtinken nommen, under wa John Cusack , Johnny Depp , Robert Downey jr. , C. Thomas Howell , Ralph Macchio , Charlie Sheen en Ben Stiller . De earste kar wie Michael J. Fox , dy't bekendheid krigen hie mei syn rol as de konservative jonge Alex P. Keaton yn it progressive gesin fan syn alden yn 'e komeedzjesearje Family Ties ( 1982 - 1989 ). De tillefyzjeprodusinten fan dy searje leine lykwols it near op dielname fan Fox oan Back to the Future . Sadwaande waard uteinlik Eric Stoltz cast , dy't yndruk op 'e produsinten makke hie mei syn rol as de lichaamlik beheinde Rocky Dennis yn in previewfertoaning fan 'e dramafilm Mask ( 1985 ).

Foar de rol fan Doc Brown waarden u.o. John Candy , Chevy Chase , John Cleese , Danny DeVito , Jeff Goldblum , Gene Hackman , Michael Keaton , John Lithgow , Steve Martin , Eddie Murphy , Gene Wilder en James Woods yn omtinken nommen. Op suggestje fan produsint Neil Canton waard keazen foar John Lithgow, mei wa't dy gearwurke hie yn The Adventures of Buckaroo Banzai Across the 8th Dimension ( 1984 ). Doe't bliek dat Lithgow net beskikber wie, waard Christopher Lloyd frege, in oare akteur ut Buckaroo Banzai .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Back to the Future setten op 26 novimber 1984 utein. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey . Pas nei't der al in pear wiken filme waard, kaam men ta de konkluzje dat Stoltz dochs net by de rol fan Marty McFly paste. Neffens de produsinten spile er de rol te serieus en sunder de "manyske enerzjy" dy't se sochten. Ek brukte er de method acting -metoade om te aktearjen , werby't er ek buten de opnamen om yn syn rol bleau. Dat late ta konflikten mei guon oare akteurs en leden fan 'e filmcrew . Op 10 jannewaris 1985 waard Stoltz troch Zemeckis untslein . Zemeckis omskreau dat letter as "it dreechste petear fan myn hiele libben, en it wie folslein myn eigen skuld. Ik briek [Stoltz] syn hert."

Stoltz waard ferfongen troch Michael J. Fox , dy't troch feroarjende omstannichheden op 'e set fan Family Ties ( aktrise Meredith Baxter Birney wie underwilens weromkommen fan swierensferlof ) no dochs tastimming krige om 'e film te dwaan, al holden de opnamen fan 'e searje foarrang oer dy fan 'e film. Back to the Future waard foar in part filme op 'e Golden Oak Ranch fan Disney by Santa Clarita . De leste fan 'e 107 filmdagen foar Back to the Future foel op 26 april 1985 .

It hus yn 'e wyk Arleta yn Los Angeles dat tsjinne as wente fan it gesin McFly.

Postproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under de postproduksje waard net inkeld de filmmuzyk fan Alan Silvestri tafoege, mar ek 27 oant 32 special effects dy't produsearre waarden troch Industrial Light & Magic (ILM), it bedriuw fan George Lucas . (Yn films mei in grutter budget wie doedestiden it tafoegjen fan 300 of mear special effects net ungewoan.)

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Back to the Future waard fersoarge troch Universal Pictures . De film gie op 3 july 1985 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiere . It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op july 1985 by platemaatskippij Intrada Records . Back to the Future waard op 22 maaie 1986 utbrocht as VHS - keapfideo . De earste dvd -edysje kaam ut yn 2002 en de earste blu-ray -edysje yn 2010 .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Back to the Future oer it algemien positive resinsjes . Sa neamde Janet Maslin fan The New York Times de film "de fermaaklikste " fan 'e simmerfilms fan 1985 , wylst Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times regisseur Robert Zemeckis komplimintearre mei syn "fyngefoelige humor ". Ek oare foaroansteande resinsinten, lykas Richard Corliss fan it tydskrift Time en Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune wiene fol lof oer de film.

Tsjintwurdich wurdt Back to the Future runom beskoge as ien fan 'e beste films dy't ea makke binne en in ikoan fan 'e Amerikaanske popkultuer . Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Back to the Future in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 83 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Mei't er fernimstich, grappich en spannend fan opbou is, foarmet [de film] in opwinend tiidreisaventoer mei in unferjitlike sfear." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Back to the Future in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 26 resinsjes. Yn 2007 waard de film troch de Library of Congress utornearre foar preservearring yn it National Film Registry omreden fan kulturele , histoaryske of estetyske wearde.

De DeLorean - tiidmasine ut 'e film op in tentoanstelling yn 2011 .

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Back to the Future brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 210,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $170,5 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $381,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $19 miljoen betsjut dat in winst fan $362,1 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte. Dermei wie Back to the Future de op twa meast opbringende film fan 1985 , nei it biografysk drama Out of Africa en it sportdrama Rocky IV .

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1986 waard Back to the Future by de Oscars nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen , werunder beste orizjinele senario , beste ludsmixing en beste orizjinele liet ( The Power of Love fan Huey Lewis and the News ). De film wun ien Oscar, foar beste ludsmontaazje . Back to the Future wun ek trije Saturn Awards , foar beste science fiction-film , beste akteur ( Michael J. Fox ) en beste special effects , en deropta de Hugo Award foar beste dramatyske presintaasje en de People's Choice Award foar favorite film. Dernjonken waard de film ek nominearre foar fjouwer Golden Globes en fiif BAFTA's .

Ferfolchfilms [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It sukses fan Back to the Future late ta it untstean fan in mediafranchise dy't ek Back to the Future hjit. Der ferskynden twa ferfolchfilms , Back to the Future Part II yn 1989 en Back to the Future Part III yn 1990 , en fierders de tekenfilmsearje Back to the Future en de musical Back to the Future: The Musical .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .


Back to the Future (filmsearje)
lange films
Back to the Future  (1985) ? Back to the Future Part II  (1989) ? Back to the Future Part III  (1990)
koarte films
Doc Brown Saves the World  (2015)