한국   대만   중국   일본 
Autonoom gebiet - Wikipedy Springe nei ynhald

Autonoom gebiet

Ut Wikipedy

In autonoom gebiet of in autonome regio is in subnasjonale krite binnen in unofhinklik lan , werfan't it politike bestjoer troch de sintrale oerheid (oansjenlik) mear foech taparte krigen hat en utoefenje mei en kin as de bestjoeren fan oare regio's binnen datselde lan. Autonome gebieten wurde faak karakterisearre trochdat se bewenne wurde troch in etnyske minderheid en/of trochdat se tige ofhandich lizze. It utsunderlike foech dat troch it bestjoer fan in autonoom gebiet utoefene wurdt, kin troch de sintrale oerheid ferliend wurde fia in gewoane wet en/of fia de grunwet .

De Fereu-eilannen hawwe bgl. in fiergeande foarm fan autonomy binnen it Keninkryk Denemark , mar dy autonomy is inkeld yn in wet festlein ek kin troch it Deenske parlemint yn prinsipe mei in gewoane mearderheid ungedien makke wurde. No sil dat net gau barre om't de Fereuske befolking soks net oer syn kant gean litte sil, mar de mooglikheid bestiet. Folle seldsumer is it dat de autonomy boarge is troch in spesjale wet dy't allinnich mar troch de sintrale oerheid wizige wurde kin as ek it parlemint fan it autonome gebiet sels dermei akkoart giet. Dat is bgl. sa yn it gefal fan 'e autonomywet fan 'e Alaneilannen , yn 'e Botnyske Golf , dy't ta Finlan hearre.

Oare foarbylden fan autonome gebieten binne Grienlan binnen Denemark ; Skotlan en yn mindere mjitte Wales binnen it Feriene Keninkryk ; Madeara en de Azoaren binnen Portegal ; Trentino-Sud-Tiroal , de Aostadelling , Friuly-Julysk Feneesje , Sardynje en Sisylje binnen Itaalje ; Iraaksk-Koerdistan binnen Irak ; Nevis binnen Sint-Kits en Nevis ; en Sansibar binnen Tanzania . Ek binnen de Russyske Federaasje besteane in grut tal gebieten dy't yn namme autonoom binne, lykas Tsjetsjeenje , mar derfan is de autonomy sunt likernoch 2000 oan wie troch ofbroazele. Inselde soarte sitewaasje docht him foar yn 'e Folksrepublyk Sina , der't u.m. Tibet , Sinkiang-Oeigoerje en Binnen-Mongoalje op papier in autonome status hawwe, dy't yn 'e praktyk lykwols net folle foarsteld.

Nederlan hat gjin autonome gebieten, mei't de Nederlanske provinsjes mar in tige beheind bestjoersfoech hawwe, dy't boppedat foar alle provinsjes itselde is. Kurasau , Aruba en Sint-Marten kinne ek gjin autonome gebieten neamd wurde, om't dat steaten op harsels binne, dy't yn prinsipe los steane fan 'e steatsstruktuer fan it Jeropeeske diel fan Nederlan , en der inkeld yn it Keninkryk fan de Nederlannen min ofte mear op basis fan gelikensens mei ferbun binne. As alle dielgebieten fan in lan in beskate foarm fan autonomy hawwe, sprekt men net mear fan autonome gebieten, mar fan in federaasje of in bunssteat ; dat is bgl. it gefal yn Belgje , Dutslan , Spanje , Kanada , de Feriene Steaten en Austraalje . As alle dielgebieten net inkeld autonoom, mar ek soeverein binne, sprekt men fan in konfederaasje of in steatebun ; in foarbyld derfan is Switserlan .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .