한국   대만   중국   일본 
Ferkearsungemak - Wikipedy Springe nei ynhald

Ferkearsungemak

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Auto-ungelok )
In iensidich ungemak.
In twasidich ungemak.

In ferkearsungemak of ferkearsungelok is in ungemak dat plakfynt by dielname oan it ferkear . Derby giet it om it ferkear op 'e wei ; ungemakken op it wetter , spoar en yn 'e loftfeart wurde ornaris net oantsjut as 'ferkearsungemak'. By belutsenen by in ferkearsungemak kin it gean om fuotgongers, fytsers , bromfytsers , motorriders , automobilisten of lju dy't oarsoartige ferfiermiddels bestjoere of der op of yn meiride, lykas snorfytsen , scooters , frachtweinen , trekkers en oare lanboufiertugen , kranen , shovels of sels hynders of troch hynders lutsen ferfiermiddels, lykas koetsen , rydtugen of kapweinen .

Der binne ferskate soarten ferkearsungemakken. By de measte ungemakken giet it om in botsing , mar ungemakken sunder botsing komme ek foar, bygelyks as in auto te wetter rekket. By botsings kin it gean om in iensidich ungemak , werby't mar ien weibruker belutsen is: bgl. in automobilist dy't de behearsking oer it stjoer ferliest en tsjin in beam oan riidt. By in twasidich ungemak binne twa weibrukers belutsen, bgl. twa auto's dy't opinoar botse of in fuotgonger dy't skept wurdt troch in auto. Ut undersyk fan it CBR docht bliken dat it yn 40% fan 'e ferkearsungemakken giet om kop-sturtbotsings, in foarm fan in twasidich ungemak werby't in stilsteande of stadich ridende auto fan efteren of oanriden wurdt troch in oare auto. In wyldoanriding is in foarm fan in botsing werby't oerstekkend wyld skept wurdt troch in foarbykommende auto. Binne der in (hiel) soad auto's by in botsing belutsen, dan sprekt men fan in keatlingbotsing . Soks komt bgl. foar as op in snelwei yn tichte mist in hiele rige auto's opinoar ynriidt.

In protte ferkearsungemakken beteare ridlik goed, mei wat blikskea en bestjoerders en passazjiers dy't mei de skrik frijkomme. Net selden falle der lykwols ferwunen of sels deaden by sokke ungemakken. De redens foar ungemakken kinne myriaden weze. Sa spilet riden under ynfloed fan alkohol of drugs gauris in rol, of bestjoerders dy't mei hiele oare dingen dwaande binne ( mobile tillefoan , notysjes meitsjen, de betsjinning fan 'e autoradio , klierige bern op 'e efterbank) wylst se de oandacht op 'e dyk halde moatte soene. Waarsomstannichheden kinne ek in grutte ynfloed hawwe, benammen tichte mist en gledens . Soms is der lykwols neat dat in weibruker dien hawwe koe om in ungemak foar te kommen, lykas by ynienen oerstekkende bern of oerstekkend wyld. Om't in ungemak dus eltsenien oerkomme kin, is it yn Nederlan ferplichte om tsjin oanspraaklikheid (foar de gefolgen fan in ungemak) fersekere te wezen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .