Aung San Suu Kyi
(
Birmaansk
:
, utsprekke as "aoeng san soe tsji",
IPA
: [au? s?a? s? t?i],
flaainamme
the Lady
) (
Rangoon
,
19 juny
1945
) is in
Myanmareeske
opposysje-
politika
, oanfierdster fan de geweldleaze beweging foar de
minskerjochten
en
demokrasy
yn
Myanmar
(it eardere
Birma
) en winneres fan de
Nobelpriis foar de Frede
fan 1991 en tsientallen oare ynternasjonale underskiedingen.
By de algemiene ferkiezings fan 1990, krige har Nasjonale Beweging foar Demokrasy-partij 59% of fan alle stimmen en 81% (392 fan 485) fan de sitten yn it parlemint. Sy hie foar de ferkiezing lykwols al husarrest oplein krigen. Sy hat benei 15 fan de 21 jier sunt 20 july
1989
husarrest han oant hja op 13 novimber
2010
frijlitten waard.
Sunt 6 april
2016
is se de Adviseur fan Steat fan Myanmar (
State Councillor of Myanmar
, in funksje dy't te ferlykjen is mei dy fan minister-presidint) en derom it haad fan it regear.
Yn 2017 kaam Aung San Suu Kyi te skande fanwegen it goedpraten fan de etnyske suveringen dy't it leger utfierd op de
Rohingja
, in
islamityske
etnyske groep yn it westen fan Myanmar. Yn desimber 2019 ferdigene hja it hanneljen fan de
junta
yn har lan by it
Ynternasjonaal Gerjochtshof
yn it
Fredespaleis
yn
De Haach
.
De ferhalding tusken Aung Sang Suu Kyi en it leger waard minder yn 2020. By de parlemintsferkiezingen yn novimber fan dat jaar waard har partij op 'en nij fierwei de grutste foar in termyn fan fiif jier.
Begjin febrearis 2021 naam it leger de macht fannijs oer en waard Aung Sang Suu Kyi arrestearre.
- It numer
Walk On
fan de Ierske rockband
U2
is yn 2000 spesjaal skreaun foar Daw Aung San Suu Kyi. In sitaat ut it numer:
"Walk on, what you got, they can't steal it..."