한국   대만   중국   일본 
Atoomnumer - Wikipedy Springe nei ynhald

Atoomnumer

Ut Wikipedy
Z - Atoomnumer

It atoomnumer jout oan hoefolle protoanen yn 'e kearn fan in atoom binne. It atoomnumer is in wichtich begryp yn de gemy . It atoomnumer bepaalt fan in atoom wer't it yn it Periodyk Systeem stiet en ek hokfoar elemint it is. As in Atoom elektrysk neutraal is, is it atoomnumer lyk oan it oantal elektroanen yn de elektroanewolk . Krekt dy elektroanen jouwe in atoom syn gemyske eigenskippen. In atoom dat net elektrysk neutraal is, is in ion .

It atoomnumer wurdt skreaun rjochts under it symboal fan it elemint. Bygelyks:

1 H ( Wetterstof ) of 118 Uuo ( Ununoctium )

It tal neutroanen yn de kearn wurdt net bepaald troch it atoomnumer. Per atoom kin it tal neutroanen yn 'e kearn oars weze. Atomen mei itselde atoomnumer en in ferskillend tal neutroanen binne isotopen fan elkoar. It oantal isotopen fan ien elemint nimt ta neigeraden't de eleminten swierder wurde. Sa binne der fan fluor (atoomnumer 9) twa isotopen, mar fan joad (atoomnumer 53) wol sanentritich.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]