Astronoom

Ut Wikipedy
De astronoom , Johannes Vermeer (1668)

In astronoom , as stjerrekundige , is in wittenskipper dy't him dwaande haldt mei astronomy . Sy observearje astronomyske objekten lykas stjerren , planeten , moannen , kometen en stjerrestelsels - sawol troch it analisearjen fan waarnimmings as troch de teoretyske stjerrekunde. Foarbylden fan underwerpen of fakgebieten dy't astronomen bestudearje binne de planetere wittenskip, de astronomy fan 'e sinne , de oarsprong en untjouwing fan stjerren of de foarming fan stjerrestelsels. Besibbe, mar wol in aparte wittenskip, is de fysyske kosmology , dy't it hielal as gehiel bestudearret.

Amateur-astronoom [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hoewol 't der relatyf net folle profesjonele astronomen binne, is it fakgebiet populer under amateurs. De measte steden hawwe amateurstjerrekeundeklups dy 't geregeld gearkomme. De Astronomical Society of the Pacific is de grutste algemiene astronomyske feriening fan de wrald, besteande ut sawol berops- as amateur-astronomen en underwizers ut 70 ferskillende lannen. Krekt as by elke hobby besteegje de measte minsken dy 't harsels as amateur-astronomen beskogje in pear oeren yn 'e moanne oan it sjen nei stjerren en it lezen fan 'e leste untwikkelingen yn undersyk op dat med. Amateurs fariearje lykwols fan saneamde 'leunstoelastronomen' oant tige ambisjeuze minsken dy 't teleskopen en ynstruminten hawwe wermei 't se harren eigen untdekkingen dwaan kinne en profesjonele astronomen helpe kinne by harren undersyk.


Dit artikel is in stobbe oer astronomy.
Jo wurde utnuge en foegje jo witten hjir ta .