한국   대만   중국   일본 
Aretha Franklin - Wikipedy Springe nei ynhald

Aretha Franklin

Ut Wikipedy
Aretha Franklin
sjonger en/of muzikant
Aretha Franklin (2015)
Aretha Franklin (2015)
persoanlike bysunderheden
echte namme Aretha Louise Franklin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 maart 1942
berteplak Memphis
stoarn 16 augustus 2018
stjerplak Detroit
wurkpaad
sjenre Gospel ,
soul ,
rhythm & blues
sjongtaal Ingelsk
jierren aktyf 1954 ? 2018

Aretha Louise Franklin ( Memphis , Tennessee , 25 maart 1942 ? Detroit , Michigan , 16 augustus 2018 ) wie in Amerikaanske gospel -, soul - en rhythm & blues -sjongster. Op de ranglist fan 100 beste sjongers (manlju en froulju) fan alle tiden fan it Amerikaanske muzyktydskrift Rolling Stone stiet hja op de earste plak.

Libbensrin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Se waard berne as dochter fan in dumny fan in baptistetsjerke en hja song as bern mei har susters Carolyn en Erma yn koar. Op har fjirtjinde waard hja untdutsen en hja sleat doe al in kontrakt mei Columbia Records . Letter ferfear se nei Atlantic Records , der't hja mei produsint Jerry Wexler gearwurke. Mei him makke hja in pear grutte r&b opnamen lykas I Never Loved a Man (The Way I Love You) . Dat liet hie folle mear soul as har eardere wurk. Oan 'e ein fan de sechtiger jierren krige Franklin de bynamme "Queen of Soul", om't hja njonkelytsen al sa ferneamd wie en ek in gesicht waard foar de Afro-Amerikaanske mienskip.

Se hie in soad hits yn de top 10, der't in stikmannich covers fan oare ferneamde artysten lykas The Beatles , Simon & Garfunkel , Sam Cooke en The Drifters . Wichtige numers fan harsels wiene Chain of Fools , Natural Woman , Think , Baby I Love You , The House That Jack Built , I Say a Little Prayer en Respect . Spanish Harlem stie ien wike op numer ien.

Yn it begjin fan de tachtiger jierren like har karriere wat yn it neigean te reitsjen oant hja in cover makke fan it numer fan de Doobie Brothers What a Fool Believes . Justjes dernei wie hja te sjen yn de klassike muzykfilm The Blues Brothers mei John Belushi . Letter hie se mear hits lykas Freeway of Love en I Knew You Were Waiting (For Me) yn in duet mei George Michael . Dat numer stie in pear wike lang op numer ien. Yn 1994 song hja it numer A Deeper Love foar de film Sister Act .

Op 3 jannewaris 1987 wie hja de earste frou dy't in plak yn de Rock and Roll Hall of Fame krige. Yn 1999 krige hja de heechste Amerikaanske keunstunderskieding Medal of Arts . Op 20 jannewaris 2009 song se Franklin My Country, 'Tis of Thee op de ynauguraasje fan Barack Obama as 44e presidint fan de Feriene Steaten . Yn 2010 waard Franklin troch it Amerikaanske muzyktydskrift Rolling Stone utroppen as beste sjong(st)er fan alle tiden. Op 17 oktober 2014 kaam har 38e studio-album Aretha Franklin Sings the Great Diva Classics ut. Yn febrewaris 2017 makke se buorkundich dat hja mei pensjoen gean soe nei it ferskinen fan har leste album yn septimber.

Aretha Franklin hat twa kear troud west en hat fjouwer soannen fan fjouwer ferskillende manlju.

Sunens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn desimber 2010 waard feststeld dat hja kanker oan de alfleisklier hie. Yn augustus 2013 ferklearre hja dat hja better wurden wie en woe alhiel op har karriere rjochtsje. De sykte kaam lykwols werom. Yn augustus 2018 krige hja thus palliative soarch en waard buorkundich makke dat hja net lang mear libje soe. Op 16 augustus 2018 is hja ferstoarn yn de aldens fan 76 jier.

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Singles [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Respect (1967)
  • Baby I Love You (1967)
  • Chain of Fools (1968)
  • Since You've Been Gone (Sweet Sweet Baby) (1968)
  • Think (1968)
  • I Say a Little Prayer (1968)
  • See-saw (1968)
  • The Weight (1969)
  • I Can't See Myself Leaving You (1969)
  • Share Your Love with Me (1969)
  • Eleanor Rigby (1969)
  • Spanish Harlem (1971)
  • Freeway of Love (1985)
  • Sisters Are Doin' It for Themselves (1985), mei Eurythmics
  • Who's Zoomin' Who (1985)
  • Jumpin' Jack flash (1986)
  • I Knew You Were Waiting (for Me) (1987), mei George Michael
  • It Isn't, It Wasn't, It Ain't Never Gonna Be (1989), mei Whitney Houston
  • (You Make Me Feel Like) A Natural Woman (1993)
  • A Deeper Love (1994)