한국   대만   중국   일본 
Ar-Riaad - Wikipedy Springe nei ynhald

Ar-Riaad

Ut Wikipedy
Ar-Riaad
??????
Polityk
Lan Saudi-Araabje
Sifers
Ynwennertal 5.254.560 (2010)
Oerflak 1000 km²
Befolkingsticht. 3024 / km²
Hichte 612 m
Oar
Tiidsone EAT ( UTC +3)
Simmertiid gjin
Offisjele webside
www.arriyadh.com
Lizzing fan Ryad yn Saudi-Araabje
Strjitte nei Mekka by Jebel Tuwaiq by Riad

Ar-Riaad (Arabysk: ??????? Ar-Riy??) is de haadsted fan Saudi-Araabje . It is in part fan de provinsje Ar-Riaad , der't it de haadsted fan is, yn de Nezjd . It leit yn it sintrum fan de Arabyske skiereilan op in grut plato en hat likernoch 5 miljoen ynwenners, om-ende-by 20% fan de befolking fan it lan.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it tiidrek fan foar de islam wie op it plak fan de tsjintwurdige sted in lyts doarpke mei de namme Hajar. Op dat stee leit de gearkomst fan inkele wady 's, sadat der in soad grunwetter oanwezich wie. Yn eardere tiden wie de omjouwing ferneamd om har dadels en beammen . Hajar is oflaat fan it Arabyske meartal fan rowdhah ( plak fan tunen ). Oan de ein fan de 18e iuw wie Ar-Riaadpart fan de Earste Saudyske Steat. Nei de ynfal troch de Ottomanen yn 1818 wurdt Ar-Riaad haadsted fan dat ryk.

Yn 1902 waard de sted ferovere troch de Wahhabieten under lieding fan Abdoel Aziz al Saoed . Hy sette syn feroveringen troch en festige it moderne Keninkryk fan Saudy-Araabje yn 1932 , mei Ar-Riaad as haadsted fan it lan. De diplomatike haadsted bleau lykwols oant 1982 yn Djedda .

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1862 - 7500
  • 1935 - 30.000
  • 1960 - 150.000
  • 1970 - 370.000
  • 1972 - 500.000
  • 1974 - 650.000
  • 1988 - 1.500.000
  • 1990 - 2.000.000
  • 1997 - 2.800.000
  • 2006 - 2.900.000

Toerisme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne net safolle besitersplakken yn Ar-Riaad, mar neikommende binne nijsgjirrich: