한국   대만   중국   일본 
Apparaat - Wikipedy Springe nei ynhald

Apparaat

Ut Wikipedy

Apparaat (fan it Latynske apparatus , dat "wurktuch" betsjut) is in begryp mei ferskate betsjuttings, mar de gongberste is dy fan in net al te grutte, troch minsken ut meganyske , elektryske en/of elektroanyske underdielen gearstalde masine . Ferskate (faak min ofte mear soartgelikense) apparaten byinoar neamt men apparatuer . De meast foarkommende apparaten kinne opdield wurde yn ferskate kategoryen :

Los derfan binne der fansels noch withoefolle oare apparaten dy't brukt wurde foar alderhanne dingen en net sa maklik yn te dielen binne, lykas in megafoan , sinnebank , kassa , punsmasine of planetarium . Gruttere masines binne faak opboud ut ferskate apparaten. Sa kin in auto net in apparaat neamd wurde om't er gearstald is ut ofsunderlike apparaten lykas de rutesproeier , de rutewiskers , de doarbeskoatteling , de ferljochting de fersnellingsbak en de motor .

Oare betsjuttings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oare, minder gongbere, betsjuttings fan it begryp 'apparaat' komme ek foar.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, et al. , Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands , Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447 , s. 75.