한국   대만   중국   일본 
Anton Geesink - Wikipedy Springe nei ynhald

Anton Geesink

Ut Wikipedy
Anton Geesink
sporter
Anton Geesink (1956)
Anton Geesink (1956)
persoanlike bysunderheden
echte namme Anthonius Johannes Geesink
nasjonaliteit Nederlansk
bertedatum 6 april 1934
berteplak Utert
stjerdatum 27 augustus 2010
stjerplak Utert
lingte 1,98 m
gewicht 120 kg
sportive ynformaasje
sport Judo ,
Wrakseljen
earste titel NK (1951)
O.S. Tokyo 1964
debut 1949
karriere-ein 1967
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen
Anton Geesink (1961)

Anthonius Johannes (Anton) Geesink ( 6 april 1934 , Utert - 27 augustus 2010 , Utert) wie Nederlansk wraldkampioen judo en lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC).

Hy wie yn 1961 de earste net-Japanner dy't wraldtitel yn de swierste klasse judo wun, en wie ek yn 1965 de beste fan de wrald. Yn 1964 skokte hy it gastlan Japan doe't er op de Olympyske Spullen yn Tokio yn de finale de Japanner Akio Kaminaga fersloech en dertroch Olympysk kampioen judo waard. Geesink waard 21 kear Europeesk kampioen en wun yn Nederlan njonken 21 nasjonale titels yn it judo ek yn 1957, 1958, en 1959 in nasjonale titel yn it Gryksk-Romeinsk wrakseljen.

Nei syn judokarriere bleau Geesink ek as bestjoerder aktyf yn de sportwrald. Hy makke sunt 1987 diel ut fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee .

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]