Antysemitisme
(joadehaat) is de
diskriminaasje
fan
Joaden
op grun fan harren
etnisiteit
of
religy
. It antysemitisme wurdt skaaimerke troch in fijannige halding en foaroardielen foar de joaden oer. In faak hearde oarsaak soe weze dat yn de
bibel
de joaden
Jezus Kristus
ombrocht hawwe. In foarm fan antysemitisme is
judeofoby
, eangstme foar joaden, yn 'e regel feroarsake troch de grutte maatskiplike ynfloed dy't hja hawwe soene of troch grizelferhalen oer de untaarde religieuze praktiken (it
offerjen fan bern
, ensfh.) dy't hja bedriuwe soene.
Joaden en it Joadendom hawwe yn de skiednis faak te krijen han mei wjerstan (of ferset of haat) fan tsjinstanners. In soad foarmen fan dy wjerstan liite har gearfetsje yn de term 'antysemitisme'. Yn de skiednis hawwe ekstreme uterings fan antysemityske aard faket laat ta moard op Joaden, lykas yn
pogroms
en de
Holocaust
. Neist de term 'antysemitisme' wurdt ek de term
anti-judaisme
faak brukt; dit leste dan mear as kenskets fan de teologyske tsjinstanners fan it Joadendom (dus los fan de Joadske etnisiteit, mar him rjochtsjend op de leauwenskant).
[1]
De term 'antysemitisme' waard foar it earst brukt tusken 1870 en 1880 yn Dutslan troch
Wilhelm Marr
, under oare yn syn
Antisemitische Hefte
ut
1879
. It ferskynsel sels is lykwols folle alder as de
19e iuw
. Antysemitisme moat net betize wurde mei
antysionisme
, dat him rjochet tsjin it
sionisme
en dermei tsjin de stifting en it betsean fan de steat
Israel
, of tsjin de Sionistyske doelstelling ta in Grut-Israel te kommen. Antysionisten binne net per se antysemitysk.
[2]
Soms wurdt wol besocht antysionisme te bestriden troch it as antysemitisme te bestimpeljen.
Antysemitisme kin fuortkomme ut meardere
ideologyen
, lykas funemintalistysk
kristendom
,
islam
,
nasjonalisme
,
kommunisme
,
rasisme
,
nasjonaalsosialisme
en
fassisme
, werby't Joaden of it Joadendom as religy as tsjinstanner, fijan of ferwerplike religy sjoen wurde kinne (bygelyks as fijan fan Kristus of
Allah
, frjemdling, kapitalist, kommunist ensafuorthinne).
Antysemitisme is net yn alle gefallen in bewust keazen polityk of religieus stanpunt, mar kin ek fuortkomme ut foaroardielen of
tinkfouten
(
fallacia consequentis
). Sa 'konkludearre' de 19e-iuwske Dutske komponist
Richard Wagner
, dy't in fervint antysemyt wie, dat as hy ien net lije mocht, dyjinge dan in Joad weze moast as oars dochs syn mem alteast in joadinne weze moast.
[3]
Dit nimt net wei dat Wagner utfieringen fan earste produksjes fan nije operakomposysjes krekt oan Joadske diriginten tabetroude: ien fan de soad paradoksen yn de libbensskiednissen fan de komponist.
Neffens guons
[4]
[5]
hingje antysemiten ek gauris ferskate komplotteoryen oan, weryn dan oan Joaden in faak ferhoalen bepalende rol yn
"it wraldbarren"
tadichte wurdt, of in stribjen nei wraldoerhearsking. Faak wurdt derby gjin underskied makke tusken bygelyks
Joaden
(as folk) en
joaden
(as oanhingers fan in religy) en bygelyks ek tusken it sionisme en de steat Israel.
In oantal foarfallen yn de wrald wurdt - fanut antysemitysk tinken - op negative wize oan Joaden taskreaun (de Joad of it Joadendom as
sundebok
), fan de Russyske revolusje oant de oanslach op de Twin Towers in New York op 11 septimber 2001.
[6]
Antysemitisme is faak basearre op eangst, fuortkommend ut
foaroardielen
. De foaroardielen kinne under oare ekonomysk, religieus, polityk of (biologysk-)rassistysk kleure weze.
- Ekonomyske foaroardielen binne faak basearre op het argumint dat Joaden finansjele macht hawwe soenen. Se soenen alle banken besitte en soenen har noas ophelje fan hantwurk. De oarsaak fan it relatyf hege oantal Joaden yn de finansjele merk lei der lykwols yn dat de joaden yn grutte dielen fan Europa fan de measte beroppen utsluten waarden. Tsjinoer in lyts persintaazje suksesfolle Joaden stienen grutte oantallen Joaden dy't generaasje op generaasje yn djippe earmoede libben.
[7]
Soksoarte foaroardielen wurde oars ek faak brukt tsjin Sinezen (de 'joaden' fan Sudeast-Aazje) troch Yndoneezjers, Fietnamezen en Tais.
[8]
- Kristlike religieuze foaroardielen binne under oare basearre op de understelde fijannige halding fan joaden foar Jezus Christus en de earste kristenen oer. Dit spile in de midsiuwen sterk, mar komt no minder foar. Yn de jierren 80 fan de 20e iuw kaam de famylje
Goeree
noch mei dy miening yn it nijs.
[9]
- Politike foaroardelien binne yn it ferline u.o. basearre op de stelling dat Joaden deroput weze soenen de hiele wrald te oerhearskjen, under oare basearre op de
Protokollen fan de Alderen fan Sion
, ek al blykte it uteinlik in ferfalsking te wezen.
[10]
- Biologysk-rasistyske foaroardielen komme fuort ut it tinkbyld dat de Joaden minderweardige minsken weze soenen, en binne basearre op foutive ynterpretaasjes fan de genetika (
Mendel
), en pseudowittenskip. Dit kaam benammen yn Dutslan en eastenryk yn de 19
e
en begjin 20
e
iuw foar. Der waard betoge om Joaden te ferbieden har fuort te plantsjen omdat se it ras 'degenereare' soenen. Dit soarte teoryen laten uteinlik ta de eksessen fan it Tredde Ryk.
- Ek in soad oare foaroardielen waarden of wurde JOaden foar de fuotten smiten. Yn de Midsiuwen waard bygelyks beweard dat Joaden de
pest
feroarsaken. Dit soe of te lieden weze ut it feit dat sy net besmet rekken. De werklike reden blykte lykwols harren gruttere hygiene, wertroch't de minder yn kontakt kamen mei besmette flieen en har faker untsmetten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- (in)
Lewis, B.
;
1973
:
Semiten and Anty-Semiten
.
- (ned)
Horst, P. van der
;
2006
:
De myte fan it Joadske kannibalisme
.
- (in)
George Gruen
;
1988
:
The Other Refugees: Jews of the Arab World
, The Jerusalem Letter, Jerusalem Center for Public Affairs, 1 juny, 1988.
- (du)
Schild, W.
;
1997
:
Die Geschichte der Gerichtsbarkeit
, Nikol Verlagsgesellschaft (Sonderausgabe), Hamburg,
ISBN 3-930656-74-4
.
- ↑
Sjoch ek
EN:WP
- ↑
Zionist en Jood, twee te onderscheiden begrippen
Artikel van Een Ander Joods Geluid (EAJG)
- ↑
Jacob Katz
Richard Wagner - Vorbote des Antisemitismus
, utj. Judischer Verlag Athenaum Konigstein/Ts. (1985)
ISBN 3-7610-8374-2
- ↑
Bygelyks
The Jewish conspiracy exposed
, thejewishconspiracyexposed.wordpress.com, Webstee fol mei komplotteoryen oer understelde Joadske macht (wyls opheft)
- ↑
Blame the Jews
, WorldNetDaily, 26 desimber 2003
- ↑
Jews did 9/11
,
CNN
op YouTube, 2007
- ↑
Simon Dubnow (1918),
History of the Jews in Russia and Poland
, Philadelphia
- ↑
Lynn Pan (1994),
Sons of the yellow emperor: a history of the Chinese diaspora
, Kodansha Globe
- ↑
OM besjocht ferbean artikel evangeliste Jenny Goeree
, 6-9-2001, ut it Algemeen Dagblad
- ↑
Wolfgang Benz (2007),
Die Protokolle der Weisen von Zion. Die Legende von der judischen Weltverschworung
, C. H. Beck, Munchen
|