Antagonist

Ut Wikipedy

In antagonist (fan it Aldgrykske ?νταγωνιστ??, antagonist?s , dat letterlik "tsjinstanner" of "rivaal" betsjut) is in term ut 'e narratology wermei't ferwiisd wurdt nei in persoanaazje ut in fiksjewurk ( roman , novelle , koart ferhaal , epos , toanielstik , musical , opera , balletfoarstelling , film , tillefyzjesearje , ensfh.) dy't de haadpersoan of protagonist tsjinwurket. Faak wurdt 'antagonist' derom beskoge as synonym mei 'smjunt', mei't yn 'e klassike styl fan ferhalen dejinge dy't foar it goede fjochtet of wurket de protagonist is, en de minne lju de antagonisten. Dat giet lykwols net altyd op, mei't yn 'e moderne fiksje de smjunt (bgl. in bankrover of in hiermoardner ) ek wolris as haadpersoan en derom as protagonist nommen wurdt, wylst de plysje (held) dy't efter him/har oan sit dan de antagonist is.

De antagonist yn 'e sin fan de smjunt hoecht trouwens net ek altyd bewust it ferkearde nei te stribjen; yn in romantysk leafdesferhaal kin de rol fan de (of ien fan de) antagonist(en) bgl. ferfolle wurde troch de mem fan ien fan 'e beide protagonisten, dy't om eigen (miskien wol tige goed underboude) redens it pearke utinoar besiket te halden. Yn elts gefal soargje antagonisten (bewust of unbewust) foar obstakels en beletsels dy't de protagonist(en) oerwinne moattte om syn/har(ren) doel te berikken. Fan oarsprong is de antagonist yn it Aldgrykske toaniel bedoeld om foar konfliktsitewaasjes te soargjen, dy't de kreften en swakten fan 'e karakter(s) fan 'e protagonist(en) bleatlizze.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .