한국   대만   중국   일본 
Anne van den Ban - Wikipedy Springe nei ynhald

Anne van den Ban

Ut Wikipedy
Anne van den Ban
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 28 febrewaris 1928
berteplak Ljouwerteradiel
stoarn 7 maaie 2016 (88 jier)
stjerplak Wageningen
wurkpaad
berop/amt heechlearaar
bekendste
  wurk(en)
Farmer and agricultural extension, the communication of new farming practices , Agricultural Extension , Health education and health
prizen Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau,
INSEE Life Time Achievement Award

Anne Willem van den Ban ( Ljouwerteradiel , 28 febrewaris 1928 ? Wageningen , 7 maaie 2016 [1] ) wie emeritus heechlearaar Foarljochtingskunde oan Wageningen University .

Prof. dr. ir. Van den Ban is as heechlearaar Foarljochtingskunde fan grutte betsjutting west foar de untjouwing fan dat med. Van den Ban beluts under mear sosjale psychology , sosjology , antropology en kommunikaasjelear by it lanbou-underwiis. Boppedat stie er oan de widze fan in wittenskiplik underboude profesjonele sunensfoarljochting, mei tabak- en alkoholprevinsje, gesinsplanning en fiedingsfoarljochting derby.

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van den Ban studearre lanbou-ekonomy oan de Lanbouhegeskoalle (no Wageningen University, part fan Wageningen UR) fan 1945 oant 1953. Yn in artikel [2] dat Van den Ban skreau mei Everett M. Rogers (de utfiner fan de ynnovaasjeteory fan Rogers ), beskriuwt er in studzjereis fan prof. E.W. Hofstee yn 1950 bylans land-grant -universiteiten yn de Feriene Steaten . Dy studzjereis waard subsidiearre troch it Marshallfuns . Hofstee wie bot te sprekken oer de adopsje fan nije lanboumetoaden en hy behannele it underwerp mei klam yn syn kolleezjes nei't er werom wie. Van den Ban, studint by Hofstee, keas ynnovaasjeadopsje as underwerp foar syn doktoraalskripsje.

Nei militere tsjinst kaam Van den Ban yn tsjinst fan it ministearje fan lanbou, foar wa't er by de fakgroep Rurale Sosjology fan de Lanbouhegeskoalle undersyk die nei lanboufoarljochting. Van den Ban promovearre by perf. E.W. Hofstee yn 1963 op dit underwerp mei it proefskrift Boer en landbouwvoorlichting: de communicatie van nieuwe landbouwmethoden . Dit wurk wurdt beskoge as de earste empiryske studzje nei lanboufoarljochting yn Jeropa. [3]

Yn 1964 rjochte Van den Ban de fakgroep Foarljochtingskunde oan de Lanbouhegeskoallebou op. No is dat de seksje Kommunikaasjewittenskip [4] dy't ut twa groepen bestiet: Kommunikaasje en Ynnovaasje Studzjes, en Kommunikaasjestrategyen.

Nei 1983 hat Van den Ban him yn mear as 25 untwikkelingslannen en lannen yn East-Jeropa ynset as adviseur, mei fanwegen de UNESCO ). Foar syn wurk yn Yndia untfong er yn 2008 in hege Yndiaaske underskieding. [5]

Van den Ban waard op 15 septimber 2011 beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau om reden fan syn bysundere wittenskiplike fertsjinsten op nasjonaal en ynternasjonaal nivo. [6]

Anne van den Banfuns [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van den Ban is mei-oprjochter en wie bestjoerslid fan it Anne van den Ban Funs [7] , dat sunt 1992 studinten ut untwikkelingslannen der't hiel wat fan ferwachte wurdt de gelegenheid jout om yn Wageningen in masteroplieding te folgen. Sa wol it in bydrage leverje oan de oplieding fan bekwame en motivearre lokale saakkundigen, dy't in liedende rol spylje kinne by it oplossen fan strukturele problemen yn de lanbouproduksje, de plattelansuntjouwing en it miljeu fan harren lan. Sadwaande leveret it funs in bydrage oan de bestriding fan earmoed yn de wrald.

Publikaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van den Ban is (mei)auteur fan in protte wittenskiplike publikaasjes en ferskate boeken. Syn boek ‘Inleiding tot de voorlichtingskunde’ [8] is yn mear as 10 talen oerset en wurdt al tsientallen jierren oeral yn de wrald brukt. Hy beheinde him net ta lanboufoarljochting. Tegearre mei Maria Koelen skreau er in boek oer sunensfoarljochting: Health education and health promotion [9] . Op 28 febrewaris 2008 (Van den Ban's 80e jierdei) makke Bibleteek Wageningen UR al it wurk fan Van den Ban digitaal ta foldwaan op har webside library.wur.nl. Goed 230 fan syn publikaasjes binne te lezen yn Open Access .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://resource.wageningenur.nl/nl/organisatie/show/Anne-van-den-Ban-overleden-.htm
  2. Rogers, E.M.; Ban, A.W. van den (1963). Research on the diffusion of agricultural innovations in the United States and the Netherlands . Sociologia ruralis 3 . - s. 38 - 51.
  3. http://library.wur.nl/way/index_ban.html
  4. http://www.com.wur.nl
  5. http://www.com.wur.nl/UK/newsagenda/archive/news/2008/Professor+honoured+in+Goa.htm
  6. http://www.wageningen.nl/Actueel/Nieuws/Archief_2011/Prof_dr_ir_Van_den_Ban_benoemd_tot_Officier_in_de_Orde_van_Oranje_Nassau
  7. Anne van den Ban Fonds
  8. van den Ban, A. W. (1974). Inleiding tot de voorlichtingskunde . Wageningen, Lanbouhegeskoalle
  9. Koelen, M. A. and A. W. van den Ban (2004). Health education and health promotion. Wageningen, Wageningen Academic Publishers.