한국   대만   중국   일본 
Anne Jousma - Wikipedy Springe nei ynhald

Anne Jousma

Ut Wikipedy
Anne Jousma
skriuwer
Anne Jousma as jongkeardel
Anne Jousma as jongkeardel
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 3 maart 1900
berteplak Grins
stoarn 22 july 1981
stjerplak De Haach
wurk
taal Frysk , Nederlansk
prizen Rely Jorritsmapriis (8 kear)
jierren aktyf 1940-1981
offisjele webside
gjin

Anne Jousma ( Grins , 3 maart 1900 - De Haach , 22 july 1981 ) wie learaar en Frysk skriuwer .

Anne Jousma waard berne yn Grins as soan fan timmerman Jan Annes Jousma en Geartsje Wessels Rozendaal fan Easternijtsjerk . Syn heit wurke doe yn Grins oan de bou fan de wyk Helpman . In pear moanne letter ferhuzen syn alden werom nei Easternijtsjerk, der’t er opgroeide. Hy wie iennichst bern.

Fan 1915 oant 1919 learde er oan de ryks kweekskoalle fan Grins ta underwizer. Yn 1924 troude er mei Aukje Mook ( Wommels , 1904 - De Haach , 1979 ), tegearre krigen se twa dochters, Anna en Geartsje, dy't beide ek yn it underwiis bedarren.
Hy stie oan skoalle yn Lunteren , Aldtsjerk , Alddyk under Sint Jabik en fan 1929 oant syn pinsjoen yn 1965, yn De Haach. Yn De Haach hat er oan in pear muloskoallen les jun yn ferskate fakken, letter wie er haad fan in mulo.

Jousma kaam te hof yn Nijtsjerk, op syn grefstien stiet:

"By dizze kant'ge toer
ha'k boarte as bern;
Om fierrens moast myn
libbenstiid ferrinne.
no moast ik fier oer
fierste grinzen tsjen;
wer soe myn omskot
better reste kinne?".

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Poezij
  • 1940 : Kimelud
  • 1963 : It twadde lan (samling fersen)
  • 1965 : Tweede stem (Hollansktalige gedichten, yn eigen behear utjun)
  • 1969 : Redbad (fersen)
  • 1971 : Nijtsjerkster luden
  • 1974 : De profeet (Hollansktalige gedichten)
  • 1976 : Libbensgong
  • 1976 : Kleiliet om Auk. In requem
  • 1980 : Forballe/Verbannen. Fersen/gedichten (Yn eigen behear, net utjun)
Proaza
  • 1968 : Faes efter gles
  • 1974 : Dumnys twilling
  • 1975 : Wibe professor
  • 1980 : Der’t de woartels lizze ( autobiografy )
  • 1981 : De pleats oan ‘e feart

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1955 - Rely Jorritsmapriis (fers: Trije roundielen )
  • 1956 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De mantel fan de profeet )
  • 1956 : Rely Jorritsmapriis (fers: It sil allegearre wol gewoan weze )
  • 1958 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Goadejefte )
  • 1961 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Reis nei Switserlan )
  • 1961 : Rely Jorritsmapriis (fers: Redbads dea )
  • 1964 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: In snein )
  • 1965 : Rely Jorritsmapriis (fers: Sawn kwatrinen )

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: