한국   대만   중국   일본 
Anna Folkema - Wikipedy Springe nei ynhald

Anna Folkema

Ut Wikipedy
Twa Lutherske tsjerken en twa synagoges yn Amsterdam

Anna Folkema ( Dokkum , doopt 22 maaie 1695 - Amsterdam , beierdige 8 oktober 1768 ) wie in Frysk 18e iuwsk graveur en skildereresse.

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Se waard berne yn Dokkum as dochter fan goudsmid en graveur Johann Jakob Folkema (†1735) en Brechtsje Jacobs Faber († 1728). [1] Se wie de suster fan Jacob Folkema en fan Fopke. [1] Om 1708 hinne ferfear de hushalding nei Amsterdam der't se meiinoar in bedriuwke foar it meitsjen fan printen begunen. [1]

Njonken etsen en gravueres makke Anna Folkema ek miniatuerportretten

Anna Folkema bleau frij faam en waard, lykas ek har broer en heit, beierdige yn de Westertsjerke yn Amsterdam.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Har etsen en gravueres ferskynden yn:

  • Il callotto resuscitato, oder Neu eingerichtes Zwerchen Cabinet (Amsterdam 1716, en om 1720).
  • R. van Leuve, ’s Waerelds koopslot of de Amsteldamse beurs , opnaam yn: Idem, Mengelwerken (Amsterdam 1723) [printen fannijs brukt yn: Gebouwen, gezichten en oudheden der stad Amsterdam (Haarlim 1741, 1744)].
  • Claas Bruin, Dichtmaatige gedachten over honderdvyfenvyftig bybelsche printverbeeldingen (Amsterdam 1727).
  • Oar wurk yn u.m.: Ryksprintekabinet (Amsterdam), Stedsargyf Amsterdam (Argyf famylje Backer).

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Anna Folkema yn de RKD