한국   대만   중국   일본 
Anikka Albrite - Wikipedy Springe nei ynhald

Anikka Albrite

Ut Wikipedy
Anikka Albrite
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Anikka Albright, Annika Albrite,
Annika Albright
echte namme Thrace Ardith Allen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 augustus 1988
berteplak Denver ( Kolorado )
etnisiteit Fransk
Tsjechysk
Dutsk
Deensk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 ? no
offisjele webside
gjint

Anikka Albrite , echte namme : Thrace Ardith Allen ( Denver , 7 augustus 1988 ), is in Amerikaansk neakenmodel , stripper en pornografysk aktrise en earder model fan mingd Fransk - Tsjechysk - Dutsk - Deensk etnysk komof. Har artystenamme wurdt ek wol mistavere as Anikka Albright, wylst har foarnamme op ferskate manearen ferhaspele wurdt, as "Annika", "Anika" of "Annikka". Neffens har offisjele opjefte is Albrite 1.68 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34B.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Anikka Albrite is hikke en tein yn Denver , yn 'e steat Kolorado . Nei de middelbere skoalle folge hja in studzje mei biology en bedriuwsmanagement as dubele haadfakken, en behelle hja bachelorstitels yn beide. Nei har studzje wurke Albrite yn in klinyk en as model yn 'e reklamebrans .

Yn 2011 stapte Albrite oer nei de Amerikaanske pornoyndustry en joech se har op as aktrise by it foaroansteande agintskip OC Modeling , dat under de reek fan Los Angeles leit). Har debut yn in pornografyske film makke se yn oktober fan datselde jier. Yn 2013 hie se foar it earst anale seks foar de kamera, yn 'e film Anikka , mei akteur Mick Blue , der't se doedestiden yn har priveelibben ek in relaasje mei hie. Albrite waard al rillegau tige populer. Yn 2013 stie se yn it tydskrift LA Weekly op in list fan tsien pornoaktrises "dy't de folgjende Jenna Jameson weze kinne soene". Yn 2014 stie se yn 'e top 12 ( The Dirty Dozen ) fan 'e populerste pornostjerren, dy't gearstald wie troch de stjoerder CNBC .

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Albrite sunt 2011 yn mear as 200 pornofilms spile, u.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Pure Play Media , Adam & Eve , Jules Jordan Video , Evil Angel , Vivid Entertainment , Hustler Video , Elegant Angel , Wicked Pictures , New Sensations , Digital Playground , Digital Sin , West Coast Productions , Third Degree Films en Devil's Film . Ek hat se wurke foar de Dutske studio Magmafilm en foar Amerikaanske pornosites as Reality Kings , Brazzers en Muffia . Yn 2014 wun se trije prestizjeuze AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrald).

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 Urban X Award nominearre beste sekssene mei in pearke (mei Justin Slayer ) Booty I Like 8
2013 AEBN VOD Award wun beste nijynkommelinge n.f.t.
AVN Award nominearre beste opfiering fan in striptiis (mei Jada Stevens ) Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre beste POV -sekssene (mei Erik Everhard ) Eye Fucked Them All
nominearre beste triosekssene f/f/m (mei Jada Stevens en Erik Everhard ) Jada Stevens Is Buttwoman
nominearre beste nije stjer n.f.t.
NightMoves Award wun beste nije stjer (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre beste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre beste nije stjer n.f.t.
2014 AVN Award nominearre beste solosekssene I Love Big Toys 36
nominearre beste orale sekssene (mei Riley Reid ) American Cocksucking Sluts 5
nominearre beste sekssene mei in pearke (mei Manuel Ferrara ) Top Bottoms
nominearre beste POV-sekssene (mei Mick Blue ) Eye Candy
nominearre beste triosekssene f/f/m (mei Maddy O'Reilly en Kurt Lockwood ) Not the Wizard of Oz XXX
nominearre beste triosekssene f/f/m (mei Samantha Saint en Mick Blue ) Samantha Saint Is Completely Wicked
nominearre beste groepsekssene (mei Brooklyn Chase , Jacky Joy , Christy Mack ,
Kelly Madison , Kendra Lust , Romi Rain en Ryan Madison )
The Madisons' Mad Mad Circus
nominearre beste groepsekssene (mei Mischa Brooks , Ashley Fires , Dillion Harper ,
Remy LaCroix , Riley Reid en Manuel Ferrara )
Manuel Ferrara's Reverse Gangbang
nominearre beste aktrise OMG... It's the Leaving Las Vegas XXX Parody
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
wun beste opfiering fan in striptiis Anikka
wun beste anale sekssene (mei Mick Blue ) Anikka
wun beste triosekssene f/m/m (mei James Deen en Ramon Nomar ) Anikka
Xbiz Award nominearre beste sene (parody) (mei Maddy O'Reilly en Kurt Lockwood ) Not the Wizard of Oz XXX
nominearre beste sene ( non-feature -publikaasje) (mei Mick Blue ) Anikka
nominearre beste byrol fan in aktrise Not the Wizard of Oz XXX
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre orgastysk oraliste n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .