Angeljen

Ut Wikipedy
In angelder mei in angel .

Angeljen , angelfiskjen of angelderij is in metoade fan fiskjen en de populerste foarm fan sportfiskjen . Hjirfoar brukt men in angel , dy't yn syn simpelste foarm bestiet ut in stok ( angelstok ) mei deroan in toutsje ( angelsnoer of angeltou) mei oan 'e utein in heakje ( angelhoek ). It tou smyt men dan ut oer it wetter, werby't it underste part, mei it heakje, under wetter komt te hingjen. Oan it heakje wurdt wat ies dien, lykas in wjirm of in lyts fiskje . As in gruttere fisk dy opfrette wol, komt er fest te sitten oan it heakje en is er 'oan 'e heak slein'. Yn 'e regel sit der oan it angelsnoer ek in dober of angelkoark, dy't op it wetter driuwt en troch de fisk under wetter lutsen wurdt as er tabyt. Deroan kin men dan daliks sjen dat men, sa't dat hjit, byt hat.

Der binne ferskate termen dy't mei angeljen te krijen hawwe. 'Poere' is angelfiskjen mei in troske wjirmen as ies, werby't men de angel lichtsjes op en del beweecht om 'e oandacht fan 'e fisken te luken, mar net sa ferheftich dat men de fisken ofskrikt. 'Bearzje', 'snoekbearzje' en 'snoekje' is angelfiskjen op bears , resp. snoekbears en snoek . 'Ieskje' is lytse fiskjes fange om as libben ies te bruken, en 'iesmeitsje' is it oan 'e heak slaan fan it ies. Iisfiskjen is in spesjale foarm fan angeljen, werby't in winterdeis in gat yn it iis seaget en der it angelsnoer troch sakje lit. By in 'barebyt' of 'weagebyt' liket it as hat men byt, mar yn wurklikheid dipt de dober inkeld under wetter troch de weachslach . By 'grunbyt' giet de dober under trochdat it heakje op 'e boaiem fan it wetter earne oan fest rekket. En by 'toarnebyt' rekket in fisk it ies wol oan, mar hapt er net ta. Fan in fisk dy't dat docht, seit men ek wol dat er 'tokket'.

Yn in grut part fan 'e wrald, werunder Nederlan , besteane der spesifike seizoenen dat men op in beskate soarte fisk angelje mei. Teffens is it sa dat de fisk in beskaat formaat hawwe moat, en dat undermaatske fisk weromset wurde moat. Boppedat moatte angelders yn Nederlan yn it besit weze fan in fiskakte , dy't tsjin betelling te krijen is op it postkantoar , mar ek fia ynternet besteld wurde kin. As men jin net oan dizze regels halde, makket men jin skuldich oan streuperij , en kin men, as men trappearre wurdt, in flinke jildboete ferwachtsje.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .