Andre Hazes

Ut Wikipedy
Andre Hazes
sjonger en/of muzikant
André Hazes (1988)
Andre Hazes (1988)
persoanlike bysunderheden
echte namme Andreas Gerardus Hazes
nasjonaliteit Nederlansk
berne 30 juny 1951
berteplak Amsterdam
stoarn 23 septimber 2004
stjerplak Woerden
wurkpaad
sjenre jankfodde
sjongtaal Nederlansk
grutste hit(s) De Vlieger,
Eenzame kerst,
'n Beetje verliefd,
Wij houden van Oranje
jierren aktyf 1959 ,
1976 ? 1977 ,
1979 ? 2004
AVRO Weekend Show: Andre Hazes sjongt Droomschip mei Johnny Kraaijkamp (3 oktober 1959)

Andre Hazes ( 30 juny 1951 , Amsterdam - 23 septimber 2004 , Woerden ), folut Andreas Gerardus Hazes , wie in Nederlansk sjonger dy't sunt 1976 populer wie mei syn eigentiidske ferzje fan de jankfodde . In pear fan syn ferneamdste numers binne: Eenzame kerst ('Iensume Kryst') 1976 , De Vlieger ( De Draak ) 1977 , 'n Beetje verliefd ('In bytsje fereale') 1981 en Wij houden van Oranje ('Wy halde fan Oranje') 1988 .

Begjin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn syn bernetiid libbe Andre Hazes yn de Amsterdamske folkswyk De Piip . Fan jongs of hold er fan muzyk - fral fan blues en rock 'n' roll . Syn sjongtalint waard al yn 1958 untdutsen troch Johnny Kraaykamp sr. , doe't Andre op de Albert Cuypmerk stie te sjongen. Hy waard doe troch Johnny Kraaykamp as bernstjer lansearre yn it tillefyzjeprogramma AVRO's weekendshow . Der waarden in pear singeltsjes utbrocht, mar de lytse Hazes waard gjin sukses.

Yn 1976 waard Hazes op 'e nij untdutsen, diskear troch Willy Alberti . Hazes hie baantsjes han as fabryksarbeider, lichtmatroas, boekbiner, blommebesoarger, fytsmakker, skoarstienreager, slachtersfeint, boufakarbeider, grunwurker, sloper, platespiler, merkkeapman en kelner, en op dat stuit hie er wurk as barman. It sjongen seach er as leafhawwerij. Troch Alberti waard der in single utbrocht fan syn lied Eenzame Kerst , dat daalks in sukses wie. Dernei wienen ek Mamma en De Vlieger sukseskes.

Hichtepunten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Platemaatskippij Philips wie in soad fan plan mei Hazes, mar dy woe dat net en waard wer barman. Yn 1980 krige er by platemaatskippij EMI de kans de muzyk op te nimmen dy't er sels graach woe. It numer 'n Vriend ( In freon ), skrean troch syn neef Tonnie Leroy , waard as single in sukses en de karriere fan Andre Hazes as eigentiidske jankfoddesjonger wie begun. In jier letter waard Hazes mei de single Een beetje verliefd en de plaat Gewoon Andre ( Gewoan Andre ) in grutte stjer. Dy status befestige er yn de jierren derop mei in rige hitsingles, diskoteekoptredens en galaoptredens yn Ahoi . Yn 1984 hie er in koarte tiid in eigen tillifyzjesearje by de VARA : Zoals u wenst mevrouw ( Sa as jo wolle, mefrou ). De searje wie nammers net bysunder populer. Sunt 1988 hie er suksessen mei lofsangen op it Nederlansk fuotbalteam.

Yn 1989 koe er in plaat opnimme, hielendal sa't hy it woe. It resultaat, Dit is wat ik wil ( Dit is wat ik wol ), is in plaat mei blues en rock 'n' roll, der't minsken as Kaz Lux , Herman Brood en Jan Akkerman as gastartysten op meispylje.

Neitiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stanbyld fan Andre Hazes

Njonken mei artistyk nijs kaam Hazes nei 1990 ek yn it nijs omreden fan de minne ynfloed dy't syn libbenswize op syn sunens hie. Hazes waard in pear kear yn it sikehus opnaam, en hy koe somtiden syn optredens net ofmeitsje. Guon minsken seinen dat er wat folle alkohol dronk. Guon fan de parse skreaunen dat ek, en Hazes hie der in soad argewaaasje fan.

Yn 1999 hie de karriere fan Hazes in oplibjen mei syn rol fan altyd-gewoan-bleaun-artyst yn de reklame. John Appel makke in dokumintere mei itselde tema, mei de titel Zij gelooft in mij ( Sy leaut oan my ). Hazes blykt yn de film in hieltyd twifeljend persoan, dy't net mei de druk fan it artystelibben omgean kin. Dy druk waard noch heger doe't Hazes yn 2002 in koarte polityke karriere hie: hy siet fan maart oant july foar de partij Ronde Venen Belang yn de gemeenterie fan De Rune Feanen . Mar op it lest wie der in soad krityk fan oare fraksjes, dat er der net altyd by wie, en as gefolch derfan gong er fuort.

Yn 2003 fierde er noch syn sulveren jubileum, yn de Amsterdam Arena , mar syn sunens waard minder. Sa krige er maaie 2004 lest fan syn ear. Troch in roes koe er himsels net mear praten of sjongen hearre, sadat er needsake wie optredens of te sizzen. Op 22 septimber 2004 krige er in longuntstekking , en waard er yn Woerden opnaam yn it sikehus. De dei derop is er der ferstoarn oan in hertstilstan . Yn de Amsterdam Arena kamen op 27 septimber sa'n 50.000 minsken byinoar om ofskied fan him te nimmen.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]