Amelia (
Amy
) van Marken
(
Hilfertsom
,
21 juny
1912
-
Amsterdam
,
15 juny
1995
) wie in
Nederlansk
letterkundige
en
literer
oersetter
, en in grut kenner fan de
Skandinavyske
literatuer.
Hoewol't se doe noch net promovearre wie, krige se yn 1956 in feste oanstelling as lektor Skandinavyske talen oan de
Ryksuniversiteit Grins
(RUG).
Yn 1970 promovearre hja mei in
proefskrift
oer de frouljusfigueren yn it wurk fan de Noarske skriuwer
Knut Hamsun
en yn 1975 folge har beneaming ta heechlearaar Skandinavyske taal- en letterkunde.
Van Marken stie yn 1970 oan de basis fan it
Arktysk Sintrum
fan de RUG.
Der is in
fertaalpriis
nei Van Marken ferneamd, dy't sunt 2006 ien kear yn de twa jier utrikt wurdt.
Yn 2010 ferskynde de
biografy
Mijn vak werd mijn leven
, skreaun troch
Petra Broomans
en
Janke Klok
, twa eardere studinten fan Van Marken. It earste eksemplaar waard op 19 novimber 2010 utrikt oan
Paula Stevens
, dy't de Amy van Marken-fertaalpriis yn 2010 untfong.
- Amy van Marken:
Knut Hamsun en de vrouwenfiguren in zijn werk
.
Proefskrift
Gint, 1970. Gjin ISBN
- Amy van Marken:
Studentenleven in de Scandinavische letterkunde
. Grins, Wolters, 1956. Ynaugurele rede Grins.
- Thor Heyerdahl
:
De Kon-Tiki expeditie. 8000 kilometer per vlot over de Grote Oceaan
. Autorisearre fert. ut it
Noarsk
fan Amy van Marken. Amsterdam, Scheltens & Van Giltay, 1949. Werprinte: under mear 2007,
ISBN 978-90-77895-11-5