한국   대만   중국   일본 
Amish - Wikipedy Springe nei ynhald

Amish

Ut Wikipedy
De hynstewein is it tradisjonele transportmiddel fan de Amish.

De Amish is in doperske protestante mienskip yn Noard-Amearika . Harren skiednis giet werom nei de reformaasje en de doperbeweging yn dy tiid. Yn it jier 1693 skieden de Amish har fan de menisten of. De hjoeddeistige Amish-mienskip beslacht 448 delsettings yn 28 ferskillende Amerikaanske dielsteaten en de Kanadeeske provinsje Ontario (sifers 2011). Yn Europa wenje gjin Amish mear. Yn 2011 waard de Amish mienskip op sa'n 261.150 minsken rusd. [1]

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De woartels fan de Amish lizze yn de doperbeweging yn de tiid fan de reformaasje . De menisten binne de folgers fan de Fryske doperske pryster Menno Simons . De foaroanman fan de Switserske menisten, Jakob Ammann , wie yn de twadde helte fan de 17e iuw fan betinken dat de menisten har net holden oan de lear fan Menno Simons. De folgers fan Jakob Amman wurde de Amish neamd. Yn 1693 skieden de Amish har as separate groep of. Yn dy tiid wennen de Amish yn Sud-Dutslan, de Elsas , en Switserlan . Troch ferfolging setten de Amish har ek nei wenjen yn Lotaringen , it Saarlan en de Palts . Yn de 18e en 19e iuw wie der in grutte emigraasje fan Amish nei Noard-Amearika. In grut part fan de lanferhuzers gong nei Pennsylvania . Der waarden de Amish net mear ferfolge om harren leauwen. De leste mienskip fan de Amish yn Europa bestie oant 1941 yn Luksemburch. [2]

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Young Center for Anabaptist & Pietist Studies fan it Elizabethtown College yn Pennsylvania haldt sifers by fan de Amish mienskip yn Noard-Amearika. Yn 1991 wienen der 123.550 Amish yn Noard-Amearika, yn 2011 wienen der 261.150 Amish. [3] [4] In trochsnee Amish-gesin hat oer it generaal sa'n 5-10 bern. It tal Amish ferdubelet dertroch elke 20 jier.

Fersprieding fan de Amish oer de dielsteaten fan de Feriene Steaten en de Kanadeeske dielsteat Ontario: [5]

  1. Pennsylvania 61.270
  2. Ohio 60.885
  3. Indiana 45.825
  4. Wisconsin 15.745
  5. New York 13.230
  6. Michigan 11.880
  7. Missouri 10.060
  8. Kentucky 8.625
  1. Iowa 7.895
  2. Illinois 7.000
  3. Ontario (Kanada) 4.860
  4. Minnesota 3.275
  5. Tennessee 2.125
  6. Kansas 1.620
  7. Delaware 1.350
  8. Maryland 1.350

De namme Amish is in sammelnamme. Der binne ferskate groepen en streamingen binnen de mienskip: de Old Order Amish (95.000 leden), de New Order Amish (150.000 leden) en de Beachy Amish (9000 leden). [6] Derneist binne der ofspjaltingen lykas de Swartzentruber Amish en de Troyer Amish.

It grutste part fan de Amish praat it Pennsylvania-Dutsk ('Pennsilfaani-Deitsch'). It is in 18e/19e-iuwske fariant fan it Dutsk ut it suden fan Dutslan en Switserlan. Tsjinsten wurde halden yn it Heechdutsk of yn it Pennsylvania-Dutsk. In groeiende minderheid fan de Amish praat Ingelsk, de taal dy't se ek prate mei minsken fan buten de mienskip. Minsken buten de mienskip wurde troch de Amish ek wol Ingelsken neamd.

Leauwen en libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kontrast tusken moderne wrald en in hynstewein fan de Amish.

It leauwen en it deistige libben binne by de Amish hiel sterk mei-inoar ferbun. De grunslach fan it leauwen leit yn de bibel . De Amish binne hiel bot tsjin heechmoed (heechhertige grutskens) en libje yn in stimming fan dimmene underwurpenheid oan God. De Amish sjogge in grut ferskil tusken harsels en de wrald om har hinne. De wrald om har hinne sjogge de Amish as ferkeard en bedoarn troch yndividuele autonomy, jild en technology. De Amish binne pasifisten dy't in sober mienskipslibben mei deryn in lyts plak foar underwiis as ideaal sjogge.

De tsjerketsjinsten wurde om de twa wike by de leden thus halden. Oer it generaal duorje de tsjinsten sa'n trije oant fjouwer oeren. Der wurde twa preken halden, in lange en in koarte. De prekers hawwe gjin teologyske studzje dien. By de tsjinst wurdt oerstadich en monotoon sjongen ut in sangboek ut it jier 1654. [6] Nei de tsjinst ferlitte de manlju it hus, de froulju bleauwe binnen om iten te sieden. As alle manlju iten hawwe meie de froulju ite en dernei it hus oprede.

By de Amish wurde de bern net doopt. Krekt as by oare dopersken binne de Amish fan betinken dat in minske sels by steat weze moat om nei te tinken oer syn doop. De doop is ornearre foar folwoeksen - yn de praktyk om it 20e libbensjier hinne - dy't der frijwillich en bewust foar kieze. De ?Rumspringa“ is in tiid dy't begjint nei it ferlitten fan de skoalle. Yn dy tiid binne de alden wat toleranter. De jongerein mei dan de butenwrald yn syn hiele hear en fear ferkenne. Mei de Rumspringa kin de jongerein sjen hoe't it libben buten de Amish-mienskip der hinne leit en meidwaan oan aktiviteiten dy't oars yn de Amish-mienskip ferbean binne. Sa'n 85-90 persint fan de jongerein kiest nei de Rumspringa bewust foar de doop. Mei de doop slute se harsels frijwillich by de Amish oan, foar de rest fan harren libben.

Takomst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fanalds buorkje de Amish yn Noard-Amearika op it lan. In lyts tal Amish hawwe oar wurk sadat se ek mei oare minsken en saken yn kontakt komme. Dertroch kin it by dy kategory weze dat sommige alde wearden fan de Amish stadich weiwurde. Amish dy't net buorkje komme mei harren wurk gauris yn kontakt mei elektryske apparten en masines. Dertroch binne se twongen om der liberaler mei om te gean. Troch hieltyd mear kontakt mei de butenwrald sjogge Amish-leden ek foardielen fan it libben buten de Amish-mienskip. In lyts part fan de froulju wurket. Dertroch binne se finansjeel unofhinklik, se krije nije kompetinsjes, en se hawwe frij kontakt mei de butenwrald. De takomstige ferhalding tusken tsjerke en minsken binnen de Amish mienskip lit him noch net foarsizze.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Amish Studies
  2. Ynformaasje oer de Amish op gameo.org
  3. Amish Studies Amish Population Trends 1991-2010
  4. Amish Studies Amish Population Trends 2009-2011
  5. Amish Studies Amish Population by State (2011)
  6. 6,0 6,1 digibron.nl Een afgezonderd volk (ut it Reformatorisch Dagblad)