한국   대만   중국   일본 
Alhambra - Wikipedy Springe nei ynhald

Alhambra

Ut Wikipedy
Plattegrun fan It Arabysk Paleis 1889
Alhambra, Comares, Myrtenhof
Patio Paleis fan Karel V
Alhambra (2010)
Alhambra besjoen fan 'e Generalife (2017)

It Alhambra (Arabysk: ???????) is in paleis ut 1333 fan de Moarske hearskers fan it Emiraat Granada yn Andalusje (Sud- Spanje ). It stiet op in heuveleftich plato oan de sudeastlike grins fan de sted Granada .

It grutte kompleks waard nei de ferovering fan it Keninkryk Granada yn 1492 troch de Reyes Catolicos as in tige wichtige but sjoen. Harren pake- en beppesizzer Karel V woe as ferjilding fan it Belis fan Wenen Granada mei it Alhambra de haadsted fan it Habsburchske Ryk meitsje en liet derfoar midden yn it Alhambra begjinne mei de oalis fan in paleis, werfoar in part fan it Alhambra ofbrutsen waard. Syn frou soarge der foar dat wat der no noch stiet, bewarre bleaun is.

Troch de fyn-utfierde Islamityske keunst en de tige grutte wearde fan de keunstskatten is it in populere trekpleister wurden foar keunststudinten yn Jeropa. Binnenyn binne moaie dekoraasjes dy't taskreaun wurde oan Yusuf I . In protte keunstskatten fan it Alhambra binne restaurearre en sa in goed foarbyld fan Moarske keunst op it Jeropeeske festelan.

Wa't nei it Alhambra ta wol, moat wol goed rekken halde mei de kwota dy't de UNESCO steld hat kwa tal fan besikers. Op in dei mei mar in fest tal fan besikers it Alhambra yn, dat wa't der op 'e bonnefooi hinne gean wol, rint in grut risiko om net talitten te wurden, en foarof festlizze is ferstandich, Likegoed is der om it Alhambra hinne ek in soad te sjen, want de natoer en de omkriten en it bouwurk oan de butenkant binne op harsels al it besjen wurdich, mei utsjoch op de Sierra Nevada en de flakte fan Kordoba .

Yn de tunen fan it Alhambra stiet de Parador fan Granada. Fierders is der ek noch it Generalife .

It besjen wurdich binnen it Alhambra [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

mozayk dat Escher ynspirearre
Finster mei arabesken
  • It Mexuar . It is it aldste gedielte fan it Alhambra. Hjir untfongen de keningen fan it keninkryk Granada harren undergeskikten, en waard oer de saaklike oangelegenheden beslist.
  • Palacio de Camores . It is it paleis fan de sultan, en is boud om de Patio de los Arrayanes
  • Palacio de los Leones (of de Liuwenhof ). Mei de bou hjirfan waard begun yn 1377 under Mohammed V . Yn de midden leit de Patio mei middenyn in manske moarmeren fontein dy't troch tolve liuwen droegen wurdt. De patio leit mids de 124 pylders fan it paleis.
  • de ferskate Salas :
    • Sala de los Abencerrajes
    • Sala de los Reyes
    • Sala de los Ajimeces
    • Sala de las dos Hermanas
  • Yn de Mirador de Daraxa wenne de harem fan de sultan .
  • Los banos
  • It Partal mei de fiver
  • It Paleis fan Karel V . De bou hjirfan begun yn 1527 , as ferjilding op it Belis fan Wenen troch de moslims. It is in ymmins fjouwerkant Renessanse - paleis mei yn de midden in grut run binnenplak.
  • De Puerto del Vino (de wynpoarte), weryn in plakette sit oer Claude Debussy dy't in stik skreaun hat mei dizze titel.
  • De ferskate tuorren :
    • Torre de Mohammed
    • Torre de Machuca
    • Torre de Comares
    • Torre de las Damas (toer fan de Hofdames)
    • Torre de Mihrab
    • Torre del Cadi
    • Torre de los Picos
    • Toer fan Cabo de la Carrera
    • Toer fan Juan de Arce
    • Toer fan Baltazar de la Cruz
    • Torre de los Siete Suelos (toer fan de San Flierren)
    • Toer fan de Haden
    • Toer fan Perelada
Panorama fan it Alhambra

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: