Alexandre de Rhodes

Ut Wikipedy
Alexandre de Rhodes
Alexandre de Rhodes
Alexandre de Rhodes
persoanlike bysunderheden
berne 15 jannewaris 1591
berteplak Avignon
stoarn 5 novimber 1660 (69 jier)
stjerplak Isfahan
etnisiteit Fransk
wurkpaad
berop/amt Jezuitysk geastlike
aktyf as misjonaris, leksikograaf
bekendste
  wurk(en)
Dictionarium Annamiticum Lusitanum et Latinum
Latyn-Fjetnameeske kategismus , fan Alexandre de Rhodes.
In side ut Alexandre de Rhodes' 1651 wurdboek Dictionarium Annamiticum Lusitanum et Latinum , 1651

Alexandre de Rhodes ( Avignon , 15 jannewaris 1591 - Isfahan , 5 novimber 1660 ) wie in jezuyt , misjonaris en leksikograaf yn de 17e iuw . Hy wie de makker fan Dictionarium Annamiticum Lusitanum et Latinum , it earste trijetalige Fjetnameesk - Portugeesk - Latynsk wurdboek ,dat yn 1651 yn Rome publisearre waard. [1] [2]

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alexandre de Rhodes waard berne yn Avignon , no yn Frankryk . Hy sluet him as novise oan by Jezuiten yn Rome op 24 april 1612 om syn libben te wijen oan de missy . Om 1619 hinne kaam er oan yn Yndosina . Yn 1615 wie der in Jezuityske missypost stichte yn Hanoi ; Rhodes kaam der yn 1620 oan. Hy libbe tsien jier yn runten om- en oan it hof yn Hanoi under it bewald fan Tr?nh Tung en Tr?nh Trang . Rhodes studearre tolve jier by de Jezuit Francisco de Pina yn Fjetnam . Yn 1624 waard er nei East-Ynje stjoerd; hy arrivearre yn Cochin-Sina op in boat mei kollega Jezuit Girolamo Maiorica . Yn 1627 ferfear er nei Tongking yn Fjetnam der't er oant 1630 wurke oant er twongen waard om fuort te gean. Hy waard ferballe ut Fjetnam yn 1630 mei 't Tr?nh Trang yn noed siet oer it fersprieden fan it katolisisme yn syn ryk. Rhodes hat sein dat er mear as 6.000 Fjetnamezen bekearde.

Fan Fjetnam gie Rhodes nei Makau , der't er tsien jier tahold. Dernei gie er werom nei Fjetnam en sette him nei wenjen yn it lan fan de Hearen fan Nguy?n om Hu? hinne. He wie seis jier yn dat part fan it lan oant er yn ungenede foel fan de hear Nguy?n Phuc Lan en er ta de dea feroardield waard.

Dat fonnis waard lykwols omset yn ferballing en Rhodes wie werom yn Rome yn 1649 . Hy pleite der foar mear jild foar katolike missys nei Fjetnam en om dat klear te krije oerdreau er de ferhalen oer de natuerlike rikens dy't der te finen weze soe. Alexandre de Rhodes syn pleidoai late letter ta it stichtsjen fan de Paryske Feriening foar Butenlanske Missys yn 1659. Doe't sawol de Portugezen as de paus gjin ynteresse foar it projekt sjen lieten slagge it Alexandre de Rhodes, mei tastimming fan Paus Aleksander III en fyn de sekuliere geastliken Francois Pallu en Pierre Lambert de la Motte ut Parys ree om as apostolysk fikarissen nei it Fiere Easten utstjoerd te wurden; sy wiene de earste leden fan de Paryske Feriening foar Butenlanske Missys. [3] [4] [5]

Alexandre de Rhodes sels waard nei Perzie stjoerd, ynstee fan nei Fjetnam. Rhodes stoar yn de aldens fan Isfahan , Perzje yn 1660.

Wurken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Relazione de' felici successi della Santa Fede predicata da' Padri della Compagnia di Giesu nel Regno di Tunchino , 1650
  • Dictionarium Annamiticum, Lusitanum, et Latinum ope sacrae congregationis de propaganda fide in lucem editam ab Alexandro de Rhodes e Societate IESU, eiusdemque Sacrae Congregationis Missionario Apostolico , Rome 1651.
  • Tunchinensis historiæ libri duo, quorum altero status temporalis huius regni. altero mirabiles evangelicae praedicationis progressus referuntur. coeptae per patres Societatis Jesu, ab anno 1627 ad annum 1646 , Lyon 1652
  • Histoire du Royaume de Tunquin, et des grands progrez que la predication de l'evangile y a faits en la conuersion des infidelles. Depuis l'annee 1627. iusques a l'annee 1646. / 1652 Relation des progrez de la foy au Royaume de la Cochinchine vers les derniers quartiers du Levant , 1652
  • Sommaire des divers voyages, et missions apostoliques, du R. P. Alexandre de Rhodes ... a la Chine, & autres royaumes de l'Orient, auec son retour de la Chine a Rome. Depuis l'annee 1618 jusques a l'annee 1653 , 1653
  • La glorieuse mort d'Andre catechiste de la Cochinchine, qui a le premier verse son sang pour la querelle de Iesus-Christ, en cette nouuelle Eglise , Parys 1653
  • Histoire de la vie et de la glorieuse mort de cinq peres de la Compagnie de Iesus, qui ont souffert dans le Iapon. Auec trois seculiers, en l'annee 1643 , 1654
  • La glorieuse mort d'Andre catechiste de la Cochinchine , 1654
  • Divers voyages du P. Alexandre de Rhodes en la Chine, & autres Roiaumes de l'Orient, auec son retour en Europe par la Perse & l'Armenie , 1666

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Worterbucher: Ein Internationales Handbuch Zur Lexikographie by Franz Josef Hausmann, s.2583 [1]
  2. Researches Into the Physical History of Mankind By James Cowles p.501 [2]
  3. Viet Nam By Nhung Tuyet Tran, Anthony Reid s.222
  4. An Empire Divided by James Patrick Daughton, s.31
  5. Asia in the Making of Europe , s.229?230