Alexandra Krosney
(folut:
Alexandra Benjamin Krosney
;
Los Angeles
,
28 jannewaris
1988
) is in
Amerikaansk
tillefyzje
-,
film
- en
stimaktrise
, dy't benammen bekend wurden is troch har
rol
as Kristin Baxter yn it earste
seizoen
fan 'e
komeedzjesearje
Last Man Standing
.
Krosney waard yn
1988
berne
yn
Los Angeles
, yn 'e
Amerikaanske steat
Kalifornje
, der't se ek
opgroeide
. Mei fjirtjin jier sette se yn
2002
utein mei in
karriere
as
aktrise
, werby't se benammen yn
tillefyzjesearjes
en
tillefyzjefilms
spile.
Sa hie se
gastrollen
yn 'e
plysjesearjes
as
Without a Trace
(twa kear),
NCIS
,
Criminal Minds
,
CSI: Crime Scene Investigation
en
Bones
, de
sikehussearje
E.R.
en de
dramasearjes
Crossing Jordan
, en
Lost
. Oan 'e
tekenfilmsearje
Transformers: Prime
wurke se mei as
stimaktrise
. Fierders spile se u.m. yn 'e tillefyzjefilms
Read It and Weep
(
2006
),
Shredderman Rules
(
2007
) en
The Last Day of Summer
(2007), en yn 'e
koarte film
The Pinhole Effect
.
Krosney krige bekendheid by in breder
publyk
doe't se yn
2011
cast
waard yn 'e
rol
fan Kristin Baxter, de aldste
dochter
ut it
gesin
fan akteur
Tim Allen
yn 'e
komeedzjesearje
Last Man Standing
. Nei ien
seizoen
waard se yn
2012
lykwols ferfongen troch
Amanda Fuller
om't de
produsinten
fan Kristin Baxter in
memmigere
en derom aldere persoanlikheid meitsje woene.
Filmografy
as aktrise
|
jier
|
titel
|
rol
of
funksje
|
opmerkings
|
tillefyzje
|
2002
|
The Grubbs
|
Cricket
|
nea makke
pilotoflevering
|
2003
|
Without a Trace
|
de jonge Lianna Sardo
|
gastrol
;
ofl.
"Moving On"
|
2003
|
Family Affair
|
Remy
|
weromkearende rol
; 3 ofl.
|
2004
|
ER
|
Trina
|
gastrol; ofl. "White Guy, Dark Hair"
|
2005
|
Grounded for Life
|
Angelica
|
gastrol; ofl. "Tom Sawyer"
|
2005
|
Crossing Jordan
|
Leann Dawber
|
gastrol; ofl. "Murder in the Rue Morgue"
|
2005
|
Strong Medicine
|
Francis Raibly
|
gastrol; ofl. "Chief Complaints"
|
2006
|
NCIS
|
Nadia Harcourt
|
gastrol; ofl. "Bait"
|
2006
|
Bones
|
Amy Cullen
|
gastrol; ofl. "The Graft in the Girl"
|
2006
|
Read It and Weep
|
Harmony
|
tillefyzjefilm
|
2007
|
Numbers
|
Josephine Kirtland
|
gastrol; ofl. "Nine Wives"
|
2007
|
Without a Trace
|
Rebecca Howard
|
gastrol; ofl. "Connections"
|
2007
|
Shredderman Rules
|
Tina
|
tillefyzjefilm
|
2007
|
The Last Day of Summer
|
Diana Malloy
|
tillefyzjefilm
|
2008
|
Cory in the House
|
blonde
Ashley
|
gastrol; ofl. "Lip Service"
|
2008
|
Criminal Minds
|
Eileen Bechtold
|
gastrol; ofl. "Elephant's Memory"
|
2009
|
Lost
|
Ellie
|
gastrol; ofl. "Jughead"
|
2009
|
CSI: Crime Scene Investigation
|
Silver
|
gastrol; ofl. "Deep Fried and Minty Fresh"
|
2009
|
Surviving Suburbia
|
Rhonda
|
weromkearende rol
|
2009
|
Psych
|
Lucy Ryan
|
gastrol; ofl. "The Devil Is in the Details... and the Upstairs Bedroom"
|
2010
|
Medium
|
Keelin McKinney
|
gastrol; ofl. "Psych"
|
2010?2012
|
Nikita
|
Sara
|
gastrol; ofl. "The Recruit"
|
2011?2012
|
Transformers: Prime
|
Sierra
|
as
stimaktrise
; weromkearende rol; 3 ofl.
|
2013
|
Last Man Standing
|
Kristin Baxter
|
feste rol
yn
seizoen
1
|
2014
|
Emily Owens, M.D.
|
Liz Barnes
|
gastrol; ofl. "Emily and... The Leap"
|
2014
|
Rainbow Brite
|
Stormy / Canary Yellow
|
as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ofl.
|
2015
|
Aquarius
|
frou Jens
|
gastrol; ofl. "Cease to Resist"
|
2015
|
Keith Broke His Leg
|
harsels
|
websearje
; gastrol
|
2015
|
Self Promotion
|
Katie Preston
|
pilotoflevering fan in searje dy't nea makke is
|
2021
|
Archibald's Next Big Thing Is Here
|
Bethecca
|
gastrol; ofl. "A Tiny Problem/Changing Lanes"
|
films
|
2013
|
The Pinhole Effect
|
Lillie
|
koarte film
|
2015
|
Barely Lethal
|
Cindy
|
|
2015
|
Funny Woman
|
fernimstich
famke
yn
winkel
|
|
2016
|
Twenty-Three Pints
|
Leanne
|
koarte film
|