Aleksander de Grutte

Ut Wikipedy
Mozayk fan Aleksander de Grutte.

Aleksander de Grutte , ek wol Aleksander fan Masedoanje of Aleksander III ( Gryksk: Μ?γα? 'Aλ?ξανδρο?, "Megas Aleksandros" ; Pella , 20 of 21 july 356 - Babylon , 10 of 11 juny 323 ) wie de kening fan it Hellinistyske Ryk , dy't dat ryk ta it grutste ryk oan de Middellanske See makke.

Jeugd [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aleksander waard berne yn Pella, yn it noarden fan it hjoeddeiske Grikelan , as soan fan de kening fan Masedoanje Filippus II en prinses Olympias . As jongfeint is Aleksander in goed hynsterider en kriget hy les fan de wiisgear Aristoteles .

Al op syn 18de joech er lieding oan in legerunderdiel yn de Slach by Kaeronea (338 f.K.) Yn dy slach waarden de losse stedsteaten fan Grikelan ferslein en kaam hiel Grikelan under it bewald fan syn heit Filippus de Twadde.

Fjildslaggen yn Perzje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de moard op Filippus II yn 336 f.Kr. werstelde Aleksander de oarder yn it lan en rette him ta om it machtichste lan fan de doetiidske wrald, Perzje , te bemasterjen, wat doe de notiidske lannen Irak , Iran , Syrje en Turkije omfieme. Der folgen in tal slaggen dy't der ta eintsjebeslut foar soargen dat Aleksander de skepter oer Perzje swaaide:

By de Slach by Gaugamela waard it leger fan kening Darius III fan de Perzen foar de tredde kear ferneatige. Hoewol't Darius noch untkomme koe waard er letter troch ien fan syn eigen generaals fermoarde.

Oare fjildslaggen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Noch foar de Slach by Gaugamela naam Aleksander Egypte yn en liet himsels ta Farao beneame. Nei in fisioen lit er de earste plannen meitsje foar de bou fan de earste fan 30 steden dy't nei him ferneamd wurde sille: Aleksandrje .

De ynwenners fan de stedsteat Tyros waanden harren feilich op it festingseilan der't hja wennen. Aleksander hie krekt syn float fuortdien, mar liet sjen ut hokfoar hout oft er snien wie. Hy liet in daam fan 800 meter troch de Middellanske See oanlizze en op brute wize waard Tyrus opnommen yn it almar grutter wurdende Hellinistyske Ryk. De ynwenners waarden deaslein of ferkocht as slaaf. De hiele operaasje duorre sa'n san moanne en dat wie de ungeduldige Aleksander net nei it sin.

Letter waarden de steden Babylon , Persepolis, Susan, Herat en Samarkand ynnommen, lykas de gebieten Meedje en Skytje. De Yndiaaske kening Porus fan Punjab waard ferslein mar troch it moannen oanien reinen woenen de soldaten net fjirder mei de oerwinningstocht en uteinlik loek Aleksander mei syn leger werom nei it westen.

Dea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kaart fan it ryk fan Aleksander de Grutte by syn ferstjerren yn 323 f.Kr. (Klik op de kaart foar in grutter eksimplaar.)

Yn 323 ferstoar Aleksander yn it paleis fan Nebukadnezar II yn Babylon. De reden fan ferstjerren is net rjocht dudlik. Faaks waard er mei sin fergiftige troch in komplot fan syn eigen generaals. Feit wie dat syn lichem ferswakke wie troch under oaren in swiere ferwuning yn it boarst troch in pylk, oprun yn Yndia. In nijere teory jout as mooglike grun foar it ferstjerren fan Aleksander it ferkeard bruken fan in medisyn troch syn doktors. Yn stee fan fertuten die in oerdoasis fan it Wrangkrud syn deadlike wurk yn it ferswakke liif fan de kening.

Fan Aleksander syn plannen om Araabje en Kartago oan te fallen kaam neat mear. Nei syn dea foel it grutte ryk hurd utinoar.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]