한국   대만   중국   일본 
Aldert van Bruggen - Wikipedy Springe nei ynhald

Aldert van Bruggen

Ut Wikipedy
Aldert van Bruggen
politikus
echte namme Aldert Pieter Jan van Bruggen
nasjonaliteit Nederlansk
bertedatum 21 july 1925
berteplak Ternaard
stjerdatum 4 maaie 1980
stjerplak De Helder
partij VVD
Boargemaster fan Delfsyl
amtsperioade 1964 - 1973
foargonger Abraham Goldberg
opfolger Paul Scholten
Boargemaster fan De Helder
amtsperioade 1973 - 1980
foargonger Sim Visser
opfolger Hans de Haan

Aldert Pieter Jan van Bruggen ( Ternaard , 21 july 1925 ? De Helder , 4 maaie 1980 ) wie in Nederlanske politikus ut namme fan de VVD .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hy waard berne as soan fan H.R. van Bruggen (1897-1964) dy't doe as earste amtner by de gemeente Westdongeradiel en letter gemeentesekretaris fan Emmen en boargemaster fan Dalfsen wurde soe. Sels wie A.P.J. van Bruggen ofstudearre yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins en wie er letter wurksum as repetitor steats- en bestjoersrjocht. Yn 1952 gie er yn De Haach oan it wurk by it ministearje fan Butenlanske Saken der't er it yn 1958 brocht ta sjef fan de ofdieling frjemdlingesaken. Yn 1962 waard er direkteur fan it kabinet fan de guverneur fan de Nederlanske Antillen. Yn augustus fan dat jier ferstoar waarnimmend guverneur Christiaan Winkel der 't Van Bruggen tydlik syn funksje op waarnaam. Yn 1963 ferliet er Kurasau alwer en kaam er werom nei Nederlan der't er yn juny 1964 beneamd waard ta boargemaster fan Delfsyl . Yn maart 1973 folge syn beneaming ta boargemaster fan Den Helder .

Yn 1980 ferstoar Van Bruggen under dat boargemasterskip yn de aldens fan 54 jier oan in harsenblieding.