한국   대만   중국   일본 
Aldersielen - Wikipedy Springe nei ynhald

Aldersielen

Ut Wikipedy
Aldersielen ( 1859 ), fan William-Adolphe Bouguereau .

Aldersielen is is in betinkingsdei ut 'e roomsk-katolike tradysje fan it Westersk kristendom . Dizze hjeldei falt op 2 novimber , de deis nei Alderheljen , der't it nau mei ferbun is. Op Aldersielen wurde de ferstoarnen betocht en wurdt in rekwiemmis opdroegen. De djipdroven lizze blommen op it gref fan dejinge(n) dy't se betinke wolle. Neffens de roomske tradysje is Aldersielen in dei om spesjaal te bidden foar alle sielen dy't noch net opgien binne nei de himel , mar noch harren wraldske sunden fuortbrane yn it faaiefjoer .

As Aldersielen op in snein falt, hat de hjeldei altyd foarrang op 'e sneinske liturgy .

Yn in protte parochys yn Nederlan is it gebruklik dat der yn 'e tsjerke in kruske ophongen wurdt as der in parochiaan komt te ferstjerren. By de earstfolgjende Aldersielen komme de djipdroven fan dy persoan dan yn 'e tsjerke om dat kruske yn untfangst te nimmen.

Aldersielen fynt syn oarsprong yn 'e benediktiner kleastertradysjes fan 'e Abdij fan Cluny , der't Odilo fan Cluny dizze hjeldei yn it jier 998 foar it earst fiere liet. De namme 'Aldersielen' stammet ut 'e trettjinde iuw .

Behalven yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt Aldersielen ek fierd yn 'e Eastersk-katolike tsjerken . Yn 'e Anglikaanske Tsjerke is de fiering opsjoneel. Yn it lutheranisme is Aldersielen mei Alderheljen ferraand ta ien hjeldei. It metodisme beskoget alle kristlike ferstoarnen as hilligen , en dy wurde troch metodisten derom betocht op Alderheljen ynstee fan Aldersielen. Yn it kalvinisme wurde Aldersielen en Alderheljen net fan alds net fierd, mar tsjintwurdich wurdt der, alteast yn 'e kontekst fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlan (PKN), hieltyd mear omtinken oan jun, al binne it noch altyd gjin offisjele hjeldagen.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .