Alde Grikelan

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde utnuge en foegje jo witten hjir ta .
Akropolis fan Atene

It tiidrek fan it Alde Grikelan of Antike Grikelan , dat gans fan betsjutting west hat foar de untjouwing fan de Jeropeeske kultuer , begjint yn 'e 8e iuw f.Kr. en einiget 146 f.Kr. doe't Grikelan in part fan it Romeinske Ryk waard.

Wilens de Argayske tiid (likernoch 700-500 f.Kr.) is it Alde Grikelan in bun fan steden, it polissysteem . Yn itselde tiidrek kamen de politike steatsfoarmen Tiranny en demokrasy ta stan. Hieltyd mear Griken kolonisearren gebieten om de Middellanske See hinne, meast oan 'e kusten fan de Swarte See , Sisylje en Sud- Itaalje . Napels is in sted dy't yn de Argayske tiid stifte waard. Thales fan Milete en Pytagoras binne ferneamde wiskundigen fan dizze tiid.

De Klassike tiid (likernoch 500?323 f.Kr.) is it tiidrek fan de filosofen Sokrates , Plato en Aristoteles . Herodotus wie in skriuwer dy't oer de Perzyske Oarloggen skreau. De earste Perzyske oarloch sette yn 499 f.Kr. ut ein, de twadde oarloch mei Perzje kaam yn 448 f.Kr. oan 'e ein.

De Hellenistyske tiid (323 f.Kr.?146 f.Kr.) begjint mei de dea fan Aleksander de Grutte .