한국   대만   중국   일본 
Album (muzyk) - Wikipedy Springe nei ynhald

Album (muzyk)

Ut Wikipedy
In cd yn in iepen cd-doaske .

In album is in samling ludsopnames fan (yn 'e regel) muzyk dy't as ien gehiel op in ludsdrager publisearre wurde. De earsten fan sokke albums waarden untwikkele yn 'e iere tweintichste iuw , earst as boeken fan yndividuele 78-toeregrammofoanplaten , en fan 1948 of as finilen LP's fan 33⅓ toeren . Fan 'e ein fan 'e 1970 -er jierren of kaam njonken de LP it kassettebantsje yn 'e moade, dat oant yn 'e 1990 -er jierren brukt waard, doe't de opkomst fan 'e cd sawol kassettebantsje as LP ut 'e merk drukte. Yn 'e ienentweintichste iuw wurde albums ornaris utbrocht op cd en/of MP3 , wylst ek de LP in lytse comeback makke hat.

In album kin opnommen weze yn in (feste of mobile) opnamestudio en wurdt dan in studio-album neamd as it in 'regulier' album is. Gelegenheidsalbums wurde ek yn 'e studio opnommen, mar wurde gjin studio-albums neamd. Sokke albums wurde utbrocht ta gelegenheid fan it ien of oar, werby't alle lieten in beskaat tema hawwe. It krystalbum is it bekendste foarbyld fan sa'n gelegenheidsalbum. In konsertalbum is in muzykalbum der't in live - konsert op opnommen is. In sammelalbum (of in greatest hits -album) is in album der't de (al earder utbochte) grutste hits fan in artyst op gearbrocht binne.

It opnimmen fan in studio-album kin yn in pear oeren opreden weze, mar it kin ek ferskate jierren duorje. By it opnameproses wurde yn 'e regel ferskillende takes dien, werby't underskate underdielen fan it album of fan ien en itselde ferske apart opnommen wurde en letter troch audiomontaazje byinoar brocht wurde. It is mooglik dat ferskillende sjongers of muzikanten opnommen wurde op ferskillende tiden of yn ferskillende keamers, wylst se fia koptelefoans harkje nei it wurk fan 'e oaren. Eltse ferskillende opname fan in part fan itselde ferske hjit in track . As in album opnommen is sunder gebruk fan overdubbing , wurdt it " live " neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .