한국   대만   중국   일본 
Albertus van Raalte - Wikipedy Springe nei ynhald

Albertus van Raalte

Ut Wikipedy
Albertus van Raalte
persoanlike bysunderheden
echte namme Albertus Christiaan van Raalte
nasjonaliteit Nederlansk
Amerikaansk
berne 17 oktober 1811
berteplak It Wanneperfean ( Oerisel )
stoarn 27 july 1876
stjerplak Holland ( Michigan )
etnisiteit Nederlansk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt predikant
jierren aktyf ± 1835 ? 1876
reden
  bekendheid
stifter fan Holland , yn Michigan

Albertus van Raalte (folut: Albertus Christiaan van Raalte ; It Wanneperfean ( Oerisel ), 17 oktober 1811 ? Holland ( Michigan ), 27 july 1876 ) wie in Nederlansk - Amerikaansk predikant fan Nedersaksysk komof. Nei't er mei de Ofskieding fan 1834 ut 'e Nederlansk-Herfoarme Tsjerke stapt wie, krige er troch syn feardichheid as sprekker grutte oanhing yn noardlik Oerisel . Yn 1846 emigrearre er mei in groep folgelingen nei de Feriene Steaten , der't er it folgjende jiers yn Michigan it stedsje Holland stifte.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van Raalte waard yn 1811 berne op It Wanneperfean , in doarp yn it Stienwikerlan , yn 'e Kop fan Oerisel . Hy studearre teology yn Leien , mar om't er de regleminten fan 'e Nederlansk-Herfoarme Tsjerke net erkenne woe, krige er letter in preekferbod oplein. Derom sleat er him oan by lykstimden, dy't nei de Ofskieding fan 1834 de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn Nederlan oprjochten. (Dat tsjerkgenoatskip soe yn 1892 opgean yn 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlan , dy't yn 2004 wer opgiene yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlan .) Van Raalte kaam dernei efterinoar yn Genemuiden , Mastenbroek en Ommen te stean. Yn dy snuorje naam er njonken syn predikantskip ek de oplieding fan oaren ta 'learaar' ter han. Hy hold yn Oerisel en derbuten sprekbeurten en waard mear as ienris arrestearre foar it opstokeljen fan syn taharkers.

Emigraasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doe't der yn 'e 1840 -er jierren under syn tsjerkefolk hongersneed utbriek fanwegen de jirpelsykte , begun Van Raalte nei te tinken oer emigraasje . Earst woed er nei Nederlansk-Ynje of Sud-Afrika ta, mar uteinlik keas er foar de frijheid en romte dy't de Feriene Steaten beaen. Yn 1846 sette er of mei in groep folgelingen, dy't benammen ut Ommen en Hellendoarn en omkriten wei kamen. It doel fan 'e reis wie oarspronklik de steat Wiskonsin , der't er optimistyske berjochten oer heard hie fan Achterhoekske lanferhuzers dy't har der festige hiene. Nei in swiere en stoarmeftige oertocht oer de Atlantyske Oseaan besleat Van Raalte lykwols op advys fan in dumny yn Albany om ynstee nei Michigan ta te gean. Yn it sudwestlike part fan dy steat, op it plak der't de rivier de Macatawa yn 'e Michiganmar utmune, stifte Van Raalte yn 1847 de delsetting Holland .

Yn Amearika [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't Van Raalte in pamflet nei Nederlan stjoerd hie weryn't er de lju waarm makke om ek te emigrearjen, setten har letter datselde jiers en yn 1948 yn Holland noch ferskate oare groepen ymmigranten nei wenjen, ut Oerisel , Grinslan , Seelan , Fryslan en it greefskip Bentheim , fuort oer de Dutske grins. De earste jierren wiene tige swier en in protte fan 'e lanferhuzers stoaren oan syktes , honger, kjeld en fan klearebare utputting. Boppedat wie de krite der't se har yn festige hiene gjin leech lan, mar waard it bewenne troch de Ottawa - Yndianen . Yn 't eartoan libben beide groepen gear oan 'e Macatawamar , de ferbrede muning fan 'e rivier de Macatawa, mar om't sawol de kolonisten as de Yndianen oan har eigen sede en plige festhalde woene, untstiene der al rillegau swierrichheden. Uteinlik kochten Van Raalte en syn folk yn 1848 alle lan oan 'e Macatawamar op, wernei't de Ottawa har noardliker nei wenjen setten, by it hjoeddeiske Northport .

Van Raalte wie yn Holland net allinnich predikant, mar de unbekreaude lieder fan 'e mienskip, en hy bemuoide him mei frijwol alles. Hy behearske yn 't earstoan de polityk en bestjoerde de delsetting, wie rjochter , abbekaat en kadasteramtner , en hie it ek op finansjeel med foar 't sizzen. Oan 'e iene kant stied er altyd klear foar syn folgelingen, mar party wiene fan miening dat er de toutsjes te strak yn 'e hannen hold. Boppedat wiene der beskuldigings fan utrupeling doe't bliken die dat er perselen grun djoerder ferkocht as de priis dy't er der foar betelle hie oan 'e Amerikaanske oerheid. Van Raalte sels ferdigene syn wurkwize mei de stelling dat er it ferskil net yn eigen buse stoppe, mar dat der de tsjerke , de skoalle en it weeshus fan boud waarden.

Op religieus med sleat Van Raalte him yn 'e Feriene Steaten oan by de Herfoarme Tsjerke yn Amearika (RCA), dy't der al bestie sunt 1628 . Ek der wiene net alle lanferhuzers bliid mei, want ien fan 'e redens om Nederlan te ferlitten, wie no krekt foarme troch alle problemen dy't se der mei de festige tsjerke han hiene. Yn 1857 fun der dan ek krekt yn Holland in tsjerkeskuorring plak, doe't de Kristlik-Herfoarme Tsjerke yn Noard-Amearika him ta fertriet fan Van Raalte ofspjalte fan 'e RCA. Fierders hie Van Raalte yn 1851 in liedende rol by de oprjochting fan in skoalle yn Holland der't yn 1866 it Hope Kolleezje ut untstie, in universiteit dy't noch altyd bestiet en in wichtige rol spilet yn 'e fermiddens fan 'e RCA. Yn 1871 kaam Van Raalte syn frou te ferstjerren, dy't syn hiele troude libben lang in grutte stipe foar him west hie. Fiif jier letter stoar Van Raalte sels, yn 'e alderdom fan 65 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bron , op dizze side .