한국   대만   중국   일본 
Afke Kuipers - Wikipedy Springe nei ynhald

Afke Kuipers

Ut Wikipedy
Afke Kuipers
keatser
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit Nederlansk
bertedatum 10 july 1988
berteplak Mantgum
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sport Keatsen
funksje Opslagger
earste titel Frouljus PC 2008
PC 2007 - 2008 - 2009 - 2010 - 2011 - 2012

Afke Kuipers ( Mantgum , 10 july 1988 ) keatste tusken 2006 en 2012 yn de KNKB haadklasse. Sy keatste sunt har njoggende jier foar KF Jacob Klaver ut Mantgum.

Har earste grutte sukses wie de twaddepriis op it skoalfamkesbun yn 2002 mei Thalia Reitsema en Riemke van der Zee . Yn 2005 waard mei it selde partoer de earste priis wun op de Bunspartij foar famkes . Datselde jier waard de tredde priis behelle op de Ald-Meiers Partij yn Hitsum . Yn har earste jier by de damessenioaren wun sy mei Jindra ten Kate en Anna-Lynn Wijbenga de tredde priis op de Frouljus-PC yn Weidum en behelle sy 15 haadklasse punten. Yn 2007 behelle sy mei Riemke van der Zee en Baukje Aalbers de twadde priis op de Bunspartij foar froulju.

It keatsjier 2008 brocht foar har it ultime sukses mei de winst op de Froulu's PC. Hja wun de priis mei Leonie van der Graaf en Ingrid de Haan Twa dagen nei de winst op de Frouljus-PC waard ek de klassiker yn Bitgum wun. Yn 2010, doe't sij wenne yn Reduzum, waard sy mei Fenna Zeinstra en Leonie van der Graaf-Zeinstra nochris twadde op de Froulju's PC. Yn 2012 stopte sy mei keatsen. Sy keatste yn totaal 134 punten by inoar.